Suksesfolle SDSers bij Poiesz

Ut- en ferslaggen 14-3
12 maart 2015
Erwin Zeinstra op sponserjûn
16 maart 2015

SDS docht mei oan de Poiesz jeugdsponsoraksje!

Sneon 14 maart wie SDS oan bod by de Poiesz yn Skearnegoutum om harren te promoatsjen yn it kader fan de jeugdsponsoraksje!
It doel wie om safolle mooglik “tompoesen” te ferkeapjen werby hja by elk doaske 5 ekstra sponsormunten ferstsjinje koenen. It moaiste is dan fansels dat de klanten harren munten oan ús klup wolle jaan. Dit giet net altyd fansels en mei troch  dizze ekstra promoasjeaksje kin de kas fan ‘e klup noch mear spekt wurde.
Troch meiwurking fan in oantal tige entûsjaste jongens en famkes en fansels net te ferjitten de koördinaasje ûnder lieding fan Tecla en Rinske wie it in grut sukses!!
Prachtig om te sjen hoe fanatyk de jeugd ek dan kin wêze. Alle klanten dy binnen kamen krigen de mooglikheid om efkes in stikje tompoes te priuwen.
Sjen docht ferkeapjen sizze we altyd, mar efkes priuwe docht it ek goed by de klanten hawwe wy wol sjoen.
D’r wie foar de jeugd ek noch in lytse priisfraag werby se riede koenen hoefolle sponspormunten d’r yn ‘e pot siet.
De winnaar(es) koe hjirby in pear moaie SDS fuotbalsokken winne.
Fan ‘e ynstjoerde oantallen is Anneke v/d Woude de winnares wurden. Sy siet it tichtste by it juste getal. Lokwinske mei dyn priis en ast do noch efkes de goeie maat trochjaan kinst oan Tecla Klijnsma dan komme de sokken sa gau mooglik dyn kant op. Op dit stuit witte we noch net precies hoefolle munten as d’r by kommen binne
mar it hat seker wat ekstra opmsiten mei troch dizze dei.
Jongens en famkes jimme wurde tige betanke foar de meiwurking. Toppers !
De aksje rint noch oant 29 maart dus foar eltsenien dy noch sponsormunten hat lizzen, jimme witte wêr se hinne moatte. Yn é koker by de Poiesz yn Skearnegoutum!!