Ut- en ferslaggen 14-3

Weppers freed 13-3
12 maart 2015
Suksesfolle SDSers bij Poiesz
15 maart 2015

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!

       
09:00 SDS D2 SC Berlikum D2  2-1
09:00 SDS E2 RES E2  4-2
09:00 SDS E3 Workum E5  9-0
10:10 SDS E5 SC Bolsward E5  0-8
10:10 SDS F1 SC Bolsward F3  6-1
10:30 SDS D3 Tzum D1  1-1
11:10 SDS F3G TOP’63 F2  10-0
11:15 Minileague    
12:00 SDS B2  Dronrijp/Foarut B3  3-4
12:30 SDS C2 Scharnegoutum C2  4-2
14:30 SDS A1 SWZ  Sneek A1  1-3
14:30 SDS VR1 Oudega VR1  3-4
08:45 LSC 1890 E7 SDS E4  5-3
09:00 Scharnegoutum D1 SDS D1  4-2
09:00 Arum F2 SDS F2  4-2
09:30 Oosterlittens  SDS C1  
10:00 Heeg E1 SDS E1  3-1
11:30 Heerenveen MD1 SDS MD2  g.n.t.
12:45 Annaparochie B1 SDS B1  0-3
13:30 Blauw Wit ’34 MD2 SDS MD1  2-5
14:30 DWP 1 SDS 1  3-2
14:30 DWP 2 SDS 2  3-1
16:30 SC Berlikum 4 SDS 4  4-2

DWP 1 – SDS 1
Sjoen it spulbyld hie der mear ynsitte moatten foar SDS. Yn de earste helte goeie kânsen en út ien dêrfan skeat Hendrik de Jong rekke nei weromkoppen fan Erik Haitsma. Mar 10 minuten foar it skoft wylst der neat oan de hân wie, kaam DWP amper twa minuten op 2-1 foar troch flaterkes efteryn.
Nei it skoft it selde spulbyld, SDS gie op syk nei de gelykmakker mar krige de 3-1 om de earen. Doe wie it alles of neat. Wikselspiler Wytze wie krekt binnen de linen en hij skeat de 2-3 binnen. Dêrnei noch mear kânsen. in strafskop hie ek noch kinnen mar it bleau 3-2. Yn allegefallen ien punt te min.

DWP 2 – SDS 2
Ek SDS 2 koe de punten net mei yn de bus. Ek sy kamen wol mei 1-0 (Jort) foar yn de earste helte, mar doe ’t it 1-1 waarde wie it ek dêr binnen inkelde minuten ek alwer 2-1. Yn de tadde helte gie SDS 2 op syk nei de lykmakker, mar doe ’t it 3-1 waard wie de wedstryd spile. Úteinlik waard it ek noch 4-1.

SDS VR 1 – Oudega VR 1 3-4
Moai fuotbal, mar gjin punten, seit ús korrespondente. Doelpunten fan Jeske, Kirsten en Tjitske.
Bij Oudega hawwe se in ferslach makke en dat kinne jim hjir lêze

SDS A1 – SWZ BOSO Sneek A1     1-3
Op voorhand een lastig potje, immers de gasten uit Sneek staan 2e en volgens vele collega coaches/leiders zouden ze wel eens kampioen kunnen worden, een goede ploeg met zeer verzorgd voetbal, zo zegt men.
In de 1e helft was daar niets van te merken, SWZ creëerde zeer weinig en wij konden met compact voetbal zeer makkelijk mee doen, in de 14e min gaf Wiebe een fantastische pass recht door het midden, op de juiste snelheid en Pieter de V kon op snelheid richting goal en ronde zeer koel af, 1-0.
SWZ kwam niet verder dan wat afstand schoten en wat halve kansen, maar we konden zeer eenvoudig tot aan de rust de 1-0 vast houden.
In de rust straalde de boys veel vertrouwen uit, dus met een goed gevoel de 2e helft in.
Maar dat werd een ander verhaal, SWZ voetbalde niet veel beter dan in de 1e helft, maar werden tot 2 x toe geholpen door SDS.
Eerst een totaal onbegrijpelijke vrije trap, iedereen is voorwaarts over de middellijn en de bal wordt richting onze keeper gespeeld, waarna er niet sterk wordt weggewerkt en de spits van SWZ met een mazzeltje de 1-1 maakt, de tweede wordt er balverlies geleden en laat men z’n man gewoon lopen, waarna er simpel de 1-2 wordt gemaakt.
Dan loopt het nog bijna uit de hand, niet door de spelers of de scheidsrechter, maar door de zeer rijk vertegenwoordigde begeleiding van SWZ, wat is het toch lastig om je fatsoen te houden, maar dat geldt voor meerdere, helaas.
Dan is er nog een dik kwartier te spelen, dus niets aan de hand nog, maar niets is minder waar, de opstelling wordt zelf veranderd, verdedigers gaan denken dat ze de gelijkmaker moeten maken, kortom, SWZ kreeg van ons zelf alle ruimte om de 1-3 te maken omdat er een aantal uit de organisatie gaan lopen, terwijl de 1e helft zo goed ging.
Ondanks dat dit een “ingecalculeerde” partij was, zijn we nog niet veilig, en had een stuntje gekund, hoewel er in de tweede helft toch ook een conditioneel stukje om de hoek komt kijken, maar dat is inherent aan de trainingsopkomst.
Volgende week komt de nr 4 Makkum op bezoek, dus kunnen we weer vol aan de bak.
Boudewijn

St Annaparochie B1 – SDS B1   0-3
14 maart 2015 uit tegen VV St Annaparochie.
Het was een koude grijze dag zonder regen en wind we waren erg gemotiveerd om te winnen.
De eerste helft begon goed. We zetten goed druk en de tegenstander had respect voor ons aanvallende spel.
Na een half uur gaf Yward een perfecte voorzet op Habtamu die niet aarzelde en scoorde. Vervolgens bleven we geconcentreerd spelen want de tegenstander bleef goed voetballen en creëerden ook wat kansjes. Deze kansen werden echter door onze sterke verdediging in de kiem gesmoord. Na weer een goed samenspel door ons team, kwam er een diepte pas door Mathijs op Yward welke de bal vervolgens doorspeelde  op Habtamu die rustig bleef en de bal in de hoek schoot. In de rust hebben we een goed gesprek met de coach gehad en dit had een dusdanige positieve indruk achtergelaten waardoor we ook in de tweede helft de bovenliggende partij waren. We scoorden nog een goal. Deze ontstond door een mooie voorzet waarbij Jorrit allert reageerde en scoorde.
Eindstand: St. Annaparochie – SDS  0 – 3.
Groeten Jurjen Tacoma

Skearnegoutum D1 – SDS D1:   4 – 2

De frustraasje siet noch heech by de mannen fan SDS nei de utskeakeling yn ‘e beker tsjin Skearnegoutum oktober foarich jier. Doe waard unterjochte mei 4 – 3 ferlern. Dit moast hjoed fansels oars. Bliikbar wurd myn stikjes ek in Skearnegoutum en omkriten lezen, want ik kriig foar de wedstriid te hearen dat se hjir hielendal net bliid mei wienen. Ik soe yn myn stikje de trainer/lieder utmakke ha foar in doarpsgek. Thus ha ik it stikje fan doe der noch efkes op nei slein, mar ik hie skreaun dat hy betiiden langs de kant tekear gie as in idioat. Mar ek dit hie ik fansels net sizze moaten. Better hie west fan: Under oanfiering fan it ferbale geweld fan de trainer/lieder unstie in bikkelhurde en unfreonlike wedstriid. Fanof de kant wie it no wat betreft Skearnegoutum folle better. Fuotbal is emoasje en der mei best wol wat sein wurde, at it mar binnen de perken bliuwt.  De wedstriid gie lyk op mei SDS as de krekt wat makkeliker fuotbaljende ploeg. Dochs kaam Skearnegoutum op foarsprong troch in lobke oer Jeffrey hinne. In pear minuten letter waard hiel makkelik in penalty joen oan Skearnegoutum. Dizze waard behearst ynsjitten, 2 – 0. Fanof dit momint waard it rommelig fan us kant. De jongens fergeaten it fjild breed te halden en alles spyle him of op in hiele lytse romte.  Stan makke, nei in slim stekbaltsje fan Tjitse, op in geweldiche wize de oanslutingstreffer. Dit wie ek de reststan. De twadde helte begong foar us dramatisch. We wiene bliikbar noch net wekker, want nei 1 minut al makke Skearnegoutum de 3 – 1. Mar de jongens fan SDS lieten de kop net hingje en giene op syk nei de 3 – 2. Skeanegoutum waard under druk setten en it wachtsjen wie op de goal. Dizze waard makke troch de goed spyljende Merijn. En dan, we skriuwe de 20e minuut.  Yn ’e 20 minut hie it sa moai weze kinnen. Ruerd komt allinich foar de keeper en hie de lykmakker op de skoech. En at ik it 1 gunt hie yn dizze wedstriid te scoren wie it Ruerd !!!!                                                  Mar de keeper fan Skearnegoutum koe de bal krekt noch keare mei de foet. By de earste de beste oanfal fan Skearnegoutum wurd de bal pakt troch Jeffrey. Mar omdat de spits fan Skearnegoutum trochgiet op Jeffrey lit hy de bal los en sa makket Skearnegoutum de 4 – 2. Yn myn eagen hie dizze goal ofkeurt wurde moatten. Hjirnei wie de skiedsrjochter it paad hielendal bjuster. Hy woe de wedstriid stake en 5-0 foar Skearnegoutum op papier sette. Ik wol net sizze dat wy de wedstriid ferlern ha troch dizze skiedsrjochter. Mar in skiedsrjochter moat de baas weze op it fjild en moat respekt ofdwinge. Dizze man die miskien wol syn best, mar wie hjir hielendal net geskikt foar. Hjirtroch krije je frustraasje yn it fjild, mar ek der buten. Iksels liet my hjir ek troch liede en dat is net goed. Mei allinich goed fuotbal winne je net tsjin sa’n tsjinstander. Miskien binne wy betiiden wol te leaf en moatte we faker wat slimmer en/of gemiener wurde. It wie hjoed dus in goeie les en dit nimme we mei nei folgende wike. We spylje dan thus tsjin Easterlittens D1. Undanks it ferlies hat eltsenien hjoed wer goed fuotballe mei in geweldiche ynset. Ien wol ik noch efkes beneame en dat is Wiltsje. Hy stie by it grutte talint fan Skearnegoutum die it oare seizoen nei ONS Snits giet, mar Wiltsje hie him yn ‘e buse. Yn it begjin fan it seizoen faak op ‘e wiksel, mar troch hurd te trainen en nea fersake, no in feste spyler yn us team.

Theo.



Blauw/Wit ’34 MD2 tsjin SDS MD1
Nei de oerwinning fan ferline wike moast SDS MD1 sneon oantrede tsjin Blauw/Wit MD2. Dizze ploech hien we yn e winter al tsjin oefene en dat foel net ta, 2-1 ferlern.
Der wie dus wat goed te meitsjen.
De earste helte kaam we nei san 5 minuten foar te stean troch in perfecte hoekskop fan Femke welke troch de altyd frij steande Froukje yskâld yn de goal fan Blau/Wyt sketten waard. Frij koart dêr op wie der in útbraak fan ien blau/wyt harren spitsen en dizze wie net te bedraven foar ús efterhoede, 1-1. Troch is erg slordig fuortwurkjen fan in hoekskop makke de thúsploech dernei al gau de 2-1 en úsfroulju stienen der by en seachen der nei.
Koart foar de thee kaam it fjoer wat wy sa kinne fan de MD1 der wêr yn en Benthe skeat fan of in aardiche ofstân oer de keeper hinne 2-2.
Yn de rêst wiene der wat lytse omsettingen wêr mei der wat mear snelhyd yn e ferdediging kaam en mei Fenna yne spits wat mear druk nei foaren. Hjirmei doch ik it spul fan MD1 te koart want yn e twadde helte is Blau/Wyt der net mear oan te pas kaam. Fenna skoarde trije kear en sette de einstân op 2-5.
3 punten mei nei Easterein en MD1 stjit no mei 6 punten op plak ien yn e kompetysje.
Kommende sneon moatte we thús tsjin Sc Frentsjer MD1, dat wurd grif wêr in spektakel.
Hans

SDS F1 – SC. Bolsward F3  6 – 1 

F1 hie tocht nei it beheljen fan it twadde plak yn de earste helte fan de kompetysje wat swierder yndielt te wêzen. No is dat miskien ek wol sa, mar de jongens hawwe de earste twa wedstriden oant no ta yn de twadde kompetysjehelt dik wûn. Se wiene folle better dan harren tsjinstanders. Dat komt mooglik ek trochdat se fannewinter yn de seal fuotballe hawwe. Yn de sealkompetysje wurden se ek twadde, ferlearen mar krekt fan de nûmer ien. It is machtich om te sjen hoe steeds better Stern, Tom, Bartele, Jesper, Niels, Raymond, Timen, Yke en Jesse it posysjespul behearskje en mei syn allen, mar hieltiid minder op in klútsje, fûl op de bal sitte at die yn besit fan de tsjinstander is. Ut foarsetten en skotten út de twadde line meitsje se in soad goals. Nei de 0-8 út tsjin Balk F2G wurde it sneon 6-1 tsjin SC Bolsward F3. Yn dizze lêste wedstriid belanden der ek nochal ris wat ballen op peal en latte. De Bolserters bin amper oer de middenline west en ús keepers ferklomde hast yn de goal. Komt mar ris sjen hoe alderaardichst at de jongens betiden fuotbalje. Hulde oan de trainers die’t hjir oan wurkje.

Efkes Balje
Yn de lêste Treffer makke Kees Adema ús nochris dúdlik dat fuotbal begong is as in spultsje tsjin ferfeling. De wurden  “gean foar myn fuotten wei, gean nei bûten, pak in bal en skop der tsjin oan” hawwe úteinlik lieden ta it spultsje fuotbal. Ik tocht er oan doe’t ik nei it Efkes Baljen harke nei de assistent skiedsrjochter Erwin Zeinstra en seach nei de bylden wêrfoar hij oandacht frege tidens de sponserjûn. Fuotbal is allang net mear dat spultsje tsjin ferfeling mar is gewoan in “akelige business” wurden, mei klup-  mar foaral spilersbelangen,  mei iets wat se profesjoniel gedrach neame en mei foaral jildemoasjes. Tidens sa’n klipke wat Zeinstra sjen liet oer diskutabele beslissingen en wêr’t alle hûnderste fan sekonden analyseard wurde, tocht ik mar gau efkes oan it ferslachje wat ik skriuwe sil oer it Efkes Baljen fan in oere earder.
Efkes Balje is gjin oerke anti ferfeling mar mear in oere tige nuttige ynfulling fan in stikje frije tiid. Ek no wie der gjin skeids of assistenten nedich om de twa stridende partijen útelkoar te hâlden. Gjin fideoregistraasje om te sjen at in bal wol/net sit, of wol net in korner of noch slimmer wol net in yngoai. Alles wurdt  mei lichte ferbale uteringen oplost wêrbij allinne tips jûn wurde oer de nammen fan optisjens.
De striid fan juster wie de striid fan Ferry Korbach. Wat er mei him oan hân wie is net dúdlik (doping wurdt net  alhiel net útsletten, mar it kin krekt sa goed it gefolch wêze fan it iten fan stikelsop), mar hij wie net te hâlden juster. In oere lang gie hij as in orkaan oer it fjild, hij sleepte, hij sleurde, hij kapte, hij sprinte, hij skeat (foaral rekke), hij provosearde en hij soarge der foar dat de grutte partij op it goeie momint stoppe. Syn ploech mei Wouter, Jan Bouke, Bram en Aant stiene op dat momint 8-7 foar en wylst ploech Bertus, Chiel, Pieter V, Harrie, Bonne en Johan (mantsje mearploech) tochten de lykmakker meitsje te kinnen, joech Ferry de wedstriidlieder in tip mei in dútse ynslach (op it goeie goeie momint taslaan): “Grutte partij dien , wij begjinne mei de 2 doelpuntenfinale”.
Dat is selden sa hurd beslikke. De stikelsop wie noch net útwurke en Ferry hie it noch altiten op syn heupen en makke binne twa minuten beide goals en liet syn eigen ploechgenoaten ferbaasd tasjen en de tsjinstanner yn grutte ferbjustering nei hûs gean.
Aant