SDS-League: Brenet der út, in oar der yn.

Sneon 30-3-2024
29 maart 2024
SDS-League: 2 wykpriiswinners en net ien wikselje op 1 april
2 april 2024

De SDS-League-kommisje hat der it Peaskewykein efkes oer fergaderje moatten, mar wy binne der út.

Brenet fan FC Twente is op non-aktyf setten by FC Twente om’t hy him misdroegen hat.
Dizze misdieden hat hy earder dien dan dat de SDS-League begie en dat koenen de koaches yn de SDS-League dy’t him opsteld hawwe net witte.
Yn dit gefal is it dan dûbel ferfelend dat je júst him opsteld hawwe.

Foar dizze kear wolle wy dan ek dy 6 teams dy ’t Brenet hawwe de mooglikheid jaan om foar him in oar te sykjen.
Dat moatte wy dan wol hjoed witte om it goed ferwurkje te kinnen.

Om’t wy graach mei likense maten mjitte jouwe wy alle oare meidoggers dy’t Brenet net hawwe mar in oare spiler dy’t in ‘midiedig bytsje’ punten oplevert ek in mooglikheid om ien spiler te ferfangen.
Jou dat hjoed troch.
It kin oant jûn 22.00 oere.
Graach maile nei SDSLeague@vv-sds.nl.
Dan kinne wy moarn mei de nijste stân komme.