Sneon 26-1-2019

Weppers tongersdei 24-1-2019
24 januari 2019
SDS JO11-1 kampioen yn de seal
26 januari 2019

De oefenwedstriid fan SDS 2 yn Wytmarsum op freedtejûn tsjin AVC 2 is ôflast.

Om ’t de KNVB-Noord al it amateurfuotbal foar sneon ôflast hat binne SDS 1 en 4 frij fan kompetysjefuotbal.
Der binne al  4 sealwedstriden foar de jeugd.

SDS 1 sil oefenje tsjin vv Nijland 1 yn Easterein om 14.30 oere. It hat genôch taaid, dus der kin balle wurde op it keunstgersfjild.
De seleksje fan SDS 1 sjocht der fannemiddei sa út:
1 Jaap
2 Remco
3 Jacob-Klaas
4 Marco©
5 Gerwin
6 Wiebe
7 Frank
8 Pieter
9 Lourens
10 Jelmer
11 Matthijs
12 Erik
13 Wierd
14 Steven
15 Gertjan

SDS 1 – Nijland 1

At it haaddoel fan dizze oefenwedstriid wie om wedstriidritme op te dwaan, om de ferdiigjende organisaasje yn it fjild wer goed del te setten, om neat wei te jaan en om de 0 efter te hâlden dan wie dit in slagge 90 minuten.

At it bijkommende doel wie om in doelpunt te meitsjen en om it publyk wat te fermeitsjen dan is dit wat minder goed slagge.  Amper echte kânsen en amper doelpogingen. Dat is  net allinne it gefoel wat oerhearst nei ôfrin mar binne ek de feiten.

Hopenlik hawwe de trainers der mear genoegen oan hân as de klomjende taskôgers…

10:50 SDS JO11-1 Frisia JO11-3 3-0
11:50 Irnsum JO11-1 SDS JO11-1 3-4
12:00 SDS 4 ONS Sneek 4 g.n.t.
13:20 SC Bolsward JO10-3 SDS JO10-1 seal
14:20 SDS JO10-1 Franeker SC JO10-2 seal
14:30 SDS 1 Nijland 0-0

Nije rigels

It is dit wykein noch net fan tapassing mar soe samar wol tapassing fine kinne.
Dat soe dan jilde foar klups lykas Mulier en DTD dy ’t harren kompetysjewedstriden op gêrs spylje wylst se wol keunstgers hawwe.