Weppers tongersdei 24-1-2019

Weppers tiisdei 22-1-2019
22 januari 2019
Sneon 26-1-2019
25 januari 2019

KNVB-Noord hat alles ôflast

KNVB-Noord hat alle amateurwedstriden yn distrikt Noord foar kommend wykein ôflast (sjoch hjir).

Keunstgers noch ûnbespylber

It keunstgersfjild yn Easterein is noch ûnbespylber troch de snie. Hjoed noch gjin trainingen dus. Moarn wurdt sjoen as it Efkes Baljen moarntejûn trochgean kin.

Kantine

Om ’t der jûn gjin trainen yn Easterein is bliuwt de kantine jûn ek ticht.

SDS 1 de seal yn

Om ’t SDS 1 fannejûn net op it keunstgers traine kin sille sy fanôf in oer as 19.30 oere yn de seal yn Wommels traine.

SDS 1 sneon oefenje

SDS 1 sil sneon yn Easterein oefenje tsjin vv Nijland 1 as it fjild sniefrij is. Oars spylje sy om 16.00 oere op it fjild fan ONT.

SDS 2 oefent yn Wytmarsum

SDS 2 sil freedtejûn om 20.00 oere oefenje tsjin AVC 2 yn Wytmarsum. Yn Wytmarsum hawwe se it fjild sniefrij makke (hooplik net korrelfrij………….). Yn Easterein en Seisbjirrum leit der noch snie op it keunstgers. Dizze seleksje fertrekt moarn om 19.00 oere út Easterein:
Gertjan, Feite, Jort, Jesse, Bote, Niels, Hendrik E, Sjoerd, Ralph, Tjeerd, Watze, Yward, Jildert en Hendrik de Jong.

Harsens derby (2096)

Ho………