Sneon 23-3-2019

Weppers freed 22-3-2019
22 maart 2019
SDS-tas foar mar 15 euries!
23 maart 2019

Hawwe jim wat aardichs te melden oer je wedstriid, in ferslach of oars wat aardichs, mail it dan nei aant@vv-sds.nl en/of willem@vv-sds.nl.

09:00 SDS JO13-1 EBC JO13-1G 9-0
09:00 SDS JO12-2 Leovardia JO12-3 15-1
09:00 SDS JO11-2 S.C. Stiens JO11-4 0-10
09:00 SDS JO8-1 Frisia JO8-2
10:00 SDS JO10-1 Leovardia JO10-2
10:15 ST SDS/Nijland JO15-2 ST Terschelling/AVV JO15-1G 2-6
10:15 SDS Mini-League
10:20 SDS MO13-1 Leovardia MO13-2 9-0
12:00 ST SDS/Nijland JO19-1 MKV’29 JO19-1 4-0
12:00 SDS JO17-2 SJO Oudega/HJSC/Heeg JO17-2 5-3
14:30 SDS 1 V.V. Heeg 1 2-4
14:30 Foarut 3 SDS 3 3-4
08:45 ONT JO17-1 SDS JO17-1 3-6
09:00 ST NOK/Bakhuizen JO15-1G ST SDS/Nijland JO15-1 2-3
09:00 Oosterlittens JO11-1 SDS JO11-1 2-1
09:00 Blauw Wit ’34 MO15-2 SDS MO15-1 2-0
10:00 Nicator JO9-1G SDS JO9-1
11:00 Mulier MO17-1 SDS MO17-1 0-8
11:30 SJO DFC JO12-1 SDS JO12-1 0-6
12:30 S.C. Stiens 2 SDS 2 1-1
12:30 Makkum 4 SDS 4 3-0

ONT JO-17 – SDS JO-17

Sneon 23 maart stûn de útwedstriid tsjin ONT JO-17 om 08.45 op it programma. Hjirfoar moesten wy om 07.15. Wûnder boppe wûnder wie iederien optiid en gongen wy ghfek werkelijk 07.15 fuort.

Noch net iederien wie echt wekker en dat wie ek yn it fjild te sjen. Wy stoen al gau 1-0 achter… It kertier dernei wie ús spul noch erg slap en hien we gelok dat it noch net 2-0 stûn. Nei dit kertier wien we skerper en begongen wy it oerwicht te krijen. Nei een goed útspiele oanfal passt Tom de bal nei Kevin, die’t de bal goed yn de koarte hoek sjitte, 1-1 dus.

Jammer genôch krygen we letter, wer omdat der net skerp ferdedige waard, de 2-1 om de earen.

Mei dizze stand gongen we ek de rust yn. Yn de rust is de opstelling wat omsetten en he wy mei krygen net altiid de lange bal te jan, omdat we een soad tiid krygen op it middefjild. Mei dizze informaasje begongen wy de twadde helte sterk. De ferdediging wie skerper en we begongen druk te setten. Hjir koe ONT mar moeilijk ûnderút fuotbalje en krygen wy steeds mear grip op de wedstriid. Nei in yngoai fan Michael komt de bal yn de 16 oan by Stan, die hem ôfjout oan Kevin, die’t de bal wer beheerst yn de linkerûnder hoek sjit, 2-2.

Hjirnei wien wy echt wol folle better en derom makken wy ek de 2-3 nei een geweldige goal fan Stan, die’t derby san 3 of 4 mannen omspilet en dernei de 1 op 1 ôfmakket.

Letter foel de 2-4 ek al. ONT gong achteryn 1 op 1 spyljen, wertroch wy in soad romte krygen. Douwe Jan wit de bal by Tjerk yn de 16 te krijen, die’t de bal noch ris oannimt en dernei yn de linkerhoek sjit.

Hjirnei wurdt it dochs noch een bytsje spannend, want nei een corner fleant de 3-4 der yn. Toch bleun wy better, en meitsje wy ek 3-5. Luka sei hjerder yn de wedstriid al dat de keeper fier foar syn goal stjit, en Luka makke hjir goed gebrûk fan. Neidat wy een frije trap op san 35 meter krygen, seach Luka dat de keeper wer fier foar syn goal stoen en hy sjit ‘m sa oer de keeper hinne.

De wedstriid wie eins al spyle. De 4 foarhoede spylers fan ONT feroarsaakten gjin gefaar en wy bleunen moai rûntikjen. Yn de letste minuten krygen we noch een penalty mei. Dizze sjit Anco der yn wertroch it 3-6 waard, wat ek de einstân wie.

Complimenten nei t hele team, omdat wy ús 2 kear werom fochten he út een achterstân, mar myn complimenten gean foaral ut nei Kevin en Stan. Beide he sy it dit jier best dreech hant, mar toch hien se beide sneon een hiele sterke wedstriid spyle.

Anco Bervoets

SDS 1 – Heeg 1     2-4

SDS schiet zichzelf in de voet tegen Heeg
SDS kwam kort voor rust op een 2-0 voorsprong tegen Heeg en de thuisclub leek dan ook op weg naar een overwinning. Toch scoorde Heeg op bizarre wijze nog voor de thee de 2-1 en daarmee kwam het weer terug in de wedstrijd. Toen SDS kort na de rust ook nog met tien man verder moest, kwam het niet meer onder de druk van Heeg uit. De gasten scoorden nog drie keer en zo veranderde een zeker lijkende overwinning in een 2-4 nederlaag.
SDS moest het doen zonder de geblesseerden Remco Hylkema, Ewout de Boer en Steven van der Pol en de geschorste Pieter Sijtsma en Erik Haitsma. Gerwin Sybesma zat wel op de bank, maar was ook nog niet geheel fit. Het was dan ook even puzzelen, maar uiteindelijk stond er toch een prima team in het veld.
Beide teams zakten in op eigen helft en lieten het initiatief aan de tegenstander, waardoor er niet heel veel gebeurde voor beide doelen. De eerste kans was voor SDS toen Habtamu de Hoop Hendrik de Jong alleen voor de doelman zette, maar zijn inzet ging net naast. Even later was het dezelfde Hendrik de Jong die een vrije trap van Wiebe Heeres hard binnenkopte. Na deze 1-0 voorsprong was het Heeg dat een niet te missen kans kreeg op de gelijkmaker, maar voor een bijna leeg doel werd er over geschoten. De gasten kregen nog een beste kans om gelijk te maken, maar een doorgekopte ingooi werd ook hoog over geramd.
Kort voor rust leek SDS de wedstrijd te beslissen, toen Hendrik de Jong een hoge bal van Wiebe Heeres verlengde en Lourens van der Pol bekeken de 2-0 maakte. Heeg bleef ook nu op eigen helft staan ondanks een 2-0 achterstand en SDS speelde achterin de bal rond wachtend op het fluitsignaal voor de rust. Dat liep verkeerd af toen de bal werd verspeeld aan Johannes Hoekstra en hij Jelmer Kiestra de 2-1 liet scoren. Een flinke domper zo net voor rust en de ellende was compleet toen Frank Bervoets na zo’n tien minuten in de tweede zijn tweede gele kaart kreeg. Jorrit Hofstra nam zijn plaats in en Hendrik de Jong werd naar de kant gehaald.
SDS kwam met tien man niet meer onder de druk uit en een doelpunten konden niet uitblijven. Heeg scoorde dan ook de gelijkmaker na een verre ingooi die door Sebastiaan Elgersma werd verlengd en door Frank Hoekstra van buiten het strafschopgebied werd binnen geschoten. Ook de 2-3 viel na een verlengde ingooi en dit keer was het invaller Rients Hietkamp die de bal van dichtbij binnen werkte. In de blessuretijd maakte Johannes Hoekstra er nog 2-4 van en zo bleef SDS lege handen achter.

Pupillen fan de wike


Herman Vinke en Wytze Breeuwsma wiene de pupillen fan de wike. Sij woene mei Lourens van der Pol (yn it midden) op de foto.

SDS 2 pakt punt fan koprinner

SDS 2 spile mei 1-1 lyk tsjin koprinner sc Stiens 2. Stiens hie miskien it bettere spul, mar SDS krige de kansen wêrfan Yward yn de earste helte der ien fan benutte koe. De goal fan sc Stiens wie wat gelokkich, mar telde ek wêrtroch SDS 2 mei syn 5e lykspul genoegen nimme moast.

Foarút 3 – SDS 3      3-4

Trije doelpunten fan Dirk Yde Sjaarda en ien fan Jan Simon Jelsma.

Keeper Lennert fan Jo15-2 pleaget Terschelling!

Sneon spilen we thús tsjin Terschelling Jo15-1. We wisten dat it in drege pot wurde soe, mar sa dreech? Alderearst de útslag 2-6 ferlies. En dêr kinne best tefreden mei wêze.
Fuort fanôf it begjin koe elts sjen dat sij in maatsje grutter wiene as ús.
Dat makke neat út want ús twadde oanfal kaam bij Thomas Oane en dy makke droech de 1-0!
Dernei sette Terschelling út ein. Wij krigen gjin grip op harren spul. It wie te goed en te snel. We binne no in grut team dat ek noch oan elkoar wenne moat. Der wiene wol 10 goede kânsen foar harren, mar Lennert liet foaral hjoed sjen dat hij in top-keeper is. We koene it bij 1-4 hâlde yn de rust.
De twadde helte setten we ús opstelling op de oanfal! Dat die fertúten. We spielen mear op hun helte, en dêr troch krigen sy in skofke minder kânsen. Nei in hoed oere wie de put leech. Terschelling koe nog 2 kear score sa dat der 1-6 op it boerd stie. Yn de lêste minuten koene we noch 1 kear foar de goal komme en út dy oanfal makke Sije prachtig de 2-6!
Konkluusje: sij in maatsje te grut, mar wij ha wol hun 2 earste tsjingoals makke. En we ha in hiele goede keeper! En Terschelling baalde as in stekker.
We witte was ús húswurk foar de training is.
Nije wyke spylje we wer thús, dan om 10 oere yn Nijlân tsjin Blauw Wit.
Oant nije wyke.
Team Jo15-2: Tsjeard, Jelmer, Hans en Gosse

Koach SDS JO 12-1 dik tefreden


Een vette overwinning (0-6!) in Dronrijp tegen Dronrijp JO12-1 met SDS JO12-1, alleen maar 8en en 9s als rapportcijfer vandaag. Inzet, combinaties, wonderschone goals en geconcentreerd verdedigen. Nog steeds alles in eigen hand!

Efkes Balje

Woansdei wiene der ferkiezingen en freed wie it pannekoekedei. In kombinaasje fan dy twa eveneminten soargen der foar dat de krûddampen in skimerige dize oer de Skoalleseize lei op dizze freedtejûn. It is dan ek net mooglik om in fatsoenlik ferslach te meitsjen mei superlativen oer de floeiende kombinaasjes, de eachstrjieljende aksjes en de himelske doelpunten.
Sij hiene 6 en wij ek. Nei ôfrin seagen je pas wa’t er wiene. Tidens de spyltiid fan de grutte partij hiene wij wol yn de gaten dat sij mear doelpunten makken as wij. In inkel doelpunt haw ik sjoen en fierder moat ik ôfgean om de entûsjaste reaksjes fan de kounterploech . Wij skine it foaral besocht te hawwen om fia de peal en latte te skoaren mar dat is in keunst dy’t wij noch net behearsten.
It hat 8-0 stien, it stie 9-3, ek 14-6 haw ik in kear heard en sij wisten de einstân hiel goed: 19-8. Safolle doelpunten en sa’n bytsje sjoen. Oh ja, it skynt dat er hiel wat yntikkerkes (Pieter Veenje) west hawwe mar dy telle like folle as de skitterjende kopbal fan Johan Heerma dy’t ik tafallich wol fan tichtbij besjoen ha.
Wij stutsen de kop bijelkoar om healwei njoggen oere want dat lêste potsje fan 2 doelpunten winne wie no gjin mistich ferhaal mear mar in keihurde eask.
De taktyk wurke: De 1-0 foar ús foel (Folkert), de sliuwe foks fan harren ( Wouter) lobte oer alles en elkenien hinne (1-1)en de alderlêste waard makke troch de opkommende middenfjilder Pieter de Boer.
Nei ôfrin waard ek dúdlik wat ús ploech foaral ek dwers sitten hie. Harry en Pieter de B hiene hesjes oan fan de E-tsjes en dêr hawwe se de bou net mear foar en mooglik dat dat harren yn de beweging yn it fjild flink belemmere.
Sij: Menno, Wouter, Sipke, Johan, Wybren en Pieter V
Wij: Theo, Ferrie, Harry, Folkert, Pieter de B en Aant