Sneon 16-3-2019

Weppers freed 15-3-2019
15 maart 2019
Weppers tiisdei 19-3-2019
19 maart 2019

Hiel wat wedstriden geane sneon net troch y.f.m. ferskeidene omstannichheden. Yn Easterein geane yn elts gefal de wedstriden op keunstgers troch en dat sil dus yn elts gefal ek jilde foar de wedstryd fan de JO19-1 dy’t ek op keunstgers spile wurdt.
De SDS Mini-League giet net troch en it B-fjild is foar de wedstriid SDS 4 – Heeg 3 ôfkeurd.
Ek Scharnegoutum 1 – SDS 1 giet net troch.

Hawwe jim wat aardichs te melden oer je wedstriid, in ferslach of oars wat aardichs, mail it dan nei aant@vv-sds.nl en/of willem@vv-sds.nl.

09:00 SDS JO17-1 Kollum JO17-1 3-2
09:00 SDS JO11-1 ST IJVC/Blauwhuis JO11-2 11-2
09:00 SDS JO9-1 Franeker SC JO9-3
10:00 SDS JO12-1 Irnsum JO12-1 5-2
10:00 SDS Mini-League g.n.t.
10:15 SDS MO13-1 Leovardia MO13-1 2-6
10:35 ST SDS/Nijland JO15-1 Workum JO15-2 8-2
12:00 SDS MO17-1 Workum MO17-1
12:15 SDS VR1 AVC VR1 2-3
14:30 SDS 2 V.V. Heeg 2 2-2
14:30 SDS 4 V.V. Heeg 3 g.n.t.
08:45 Scharnegoutum’70 JO15-1 ST SDS/Nijland JO15-2 1-3
09:00 ONB JO8-1 SDS JO8-1
10:30 SC Berlikum JO19-1 ST SDS JO19-1 2-1
10:30 ST Mulier/Arum/Stormvogels JO17-1 SDS JO17-2 3-0
11:00 CVO JO11-1 SDS JO11-2 g.n.t.
11:20 Zeerobben JO10-1 SDS JO10-1
11:30 SJO DFC JO12-2 SDS JO12-2
12:30 Balk JO13-2 SDS JO13-1
12:45 VVI 3 SDS 3 g.n.t.
13:45 VSV ’31 MO15-1 SDS MO15-1
14:30 Scharnegoutum’70 1 SDS 1 g.n.t.

SDS 2 – Heeg 2 2-2

SDS 2 spile mei 2-2 lyk mei nei 2-0 efter stien te hawwen. Net gek soenen je sizze, mar it hie ek samar 3-2 wêze kinnen as de liedsman de 3-2 fan Dirk net ôfkeure foar bûtenspul. Heeg makke de earste helte it spul mei de wyn yn de rêch en kaam mei 2-0 foar. Anne Stenekes makke der krekt foar de rêst 2-1 fan út in strafskop. Doe ’t Feite der út in frije traap yn de twadde helte 2-2 fan makke like Heeg ryp foar de slacht. It slagge SDS allinnich net om mei de wyn yn de rêch op de goal te sjitten ynstee fan der oer of der neist. It bleaun 2-2.

SDS JO17-1 – Kollum JO17-1

Op in waaieriche sneontemoarn yn Easterein stie dit affisje op it programma. De JO17-1 moast wer ris winne, om it útsicht op it earste plak te hâlden. De jongens begonnen goed. Ûndanks dat de wedstriid redelijk yn evenwicht wie, scoarde Jeffrey nei in moai oanfal oer de linkerkant. De bal waard troch Douwe Jan ferovere en ynlevere by Tjerk, dy’t mei in moaie djiptebal de snelle Stan fuortstjoerde. Nei in knappe aktie kryg hy de bal foar de goal by Jeffrey, dy’t it behearst ôfmakke. Kollum koe dernei noch tot ien kans komme, mar de bal waard knap keart troch Stijn. Nei de goal kryg SDS de kontrole oer de wedstriid, mar nei twa twongen wissels, waard it toch 1-1 út in net goed ferwurke frije bal fan Kollum. SDS rekke har oerwicht kwyt en it waard rommelich, mar de rust waard helle mei in 1-1 stand.

Mei Eeltsje op rjochtsfoar en Michael en Ruerd op de backs, gong SDS mei frisse moed it fjild op. Toch krigen se drekt fanút in counter in goal tsjin. Kollum kaam d’r snel út en fia in hurd skot fanôf de 16 wer op foarsprong. Tsjin de ferhoadingen yn, want SDS spile yn it begjin fan de twadde helft better. Eeltsje soarge mei syn snelhyd foar driging en liet de linksback fan Kollum alle hoeken fan it fjild sjen. Jammergenôch leverde dit gjin goals op. Nei de 1-2 rekke SDS it wat kwyt. D’r wie weinich fuotbal fan beide kanten en dêrtroch wie it tempo út de wedstriid. Ek wie de linksfoar fan Kollum mei syn snelheid en kracht in gefaar foar de ferdediging fan SDS.  Yn de 60e minuut waard Anco neist Douwe Jan op middenfjild setten en stoen it achteryn 1-op-1. Dit pakte goed út. Mei striidlust en by flagen goed fuotbal waard Kollum flink ûnder druk setten. Dit betelje him ta beslút út yn in fertsjinne 2-2. Luka kryg de bal fanút in korner krekt búten de 16 foar de fuoten en sjitte richting de goal. Douwe Jan kryg de bal, mei wat geluk,  oanspile en sjitte de bal yn’e rjochterhoek lâns de keeper.

Nei de fertsjinne 2-2 waard er troch beide ploegen fel striiden foar de oerwinning. Kollum kryg noch in mega kâns op de 2-3, mar koe de bal d’r net yn krije. Dêrneist stie de ferdediging fan SDS (Michael, Wiltsje en Ruerd) mei syn trijen goed, en waard it gefaar faak yn’e kiem smoart. It felle fuotbal soarge foar in pear opstootjes. Úteindelik kryg de rechtsback fan Kollum in reade kaart, omdat hy Anco tsjin de boarding oangoaide. Kollum koe it hjirnei net mear tichthâlde achteryn en nei in snelle oanfal oer rjochts waard de befrijdende 3-2 makke troch Kevin. Eeltsje kryg de bal op rjochts op de helft fan de helft. Hy pakte wat meters en joech de bal mei oan Stan, dy’t d’r op snelheid omhinne kaam. Hjirtroch moest in sintrale ferdediger útstappe, wat foar romte foar de goal soarge. Gerbrand kaam by de 1e peal en naam de oare sintrale ferdediger mei, wêrtroch Kevin hielendal frij stie. Die kryg de bal, nei in útmjitten foarset fan Stan en koe de bal lâns de keeper yn’e goal sjitte.

Kollum waard yn it restand fan de wedstriid noch in pear kear gefaarlik dichtby de 3-3, mar telkens koe Stijn de goal foarkomme mei in knappe reddingen.

Douwe Jan Vellinga

Jo15-2 bliuwt winnen!

Troch it stoppen fan Jo15-3 had ús team der 4 spilers bij krigen en binne der 2 troch gien nei Jo15-1. Wij jitte de 4 J’s (Jesse (helaas hjoed siik, betterskip jonge!), Jochem, Jildert en Jelte) fan herte wolkom! En wij winskje Jelmer en Gjelt in protte succes en wille bij de Jo15-1. Bedankt foar jim ynset en teamspirit ôfrûne jier.
Dan de wedstriid fan hjoed. We spielen út tsjin Scharnegoutum Jo15-1. Dit team is nij yn ús kompetiesje. Mei ús 3 nije spielers der bij setten we yn de rein fris útein. Jochem begûn op de linksheal en Jelte as mandekker achteryn. It gie gelyk op en del. Beide teams moasten oan elkoar wenne en it like dat sij wat suverder oan de bal wiene. Troch in earste aksje fan ús middenfjild koene de spitsen op goal sjitte. Jelmer skeat op goal en rekke de peal. De keeper seach de bal net goed, dat hij rekke yn de goal! 0-1. Sij krigen ek in pear kânsen sa as in bal op de latte! Keeper Lennert wie yn foarm!
Dit wie ek de stân bij rêst. Nei de ‘thee’ kamen ús mannen wer opwaarmenyn it fjild. Dat koene we ek yn it spul sjen. Der waard wat better oerspyle en dat jûch fertrouen. Jelmer en Pieter B setten betiid druk en dat soarche foar een werom bal op de keeper. Hij blundere en hoe sneu it ek wie, it waard wol 0-2. Mei wer in pear wiksels en oanwizings fan Tsjeard en Gosse, waard it spul sa no en dan ek wer better. Mar Skearnegoutum sette ek druk. Mei in mooie oanfal troch it midden koe Pieter B dochs nog de 0-3 meitsje. De druk fan harren waard heger en in kertier foar tiid waard it 1-3. Dernei wie it spul yn balâns. Noch 1 bal op de peal bij Lennert wienit spannenste moment.

In mooie oerwinning soarche foar wille ûnder de douche!

Nije wyke spylje we thús tsjin Skylge Jo15-1 om 10.15 oere. We ha der no al sin oan😉. Oant nije wyke!

Tsjeard, Jelmer, Hans en Gosse

Efkes Balje

Polityk en in potsje fuotbalje dat hat wol wat fan elkoar, mei in bytsje fantasij.
De fraksje en it team, de wurdfierder fan definsje en de lieder fan de definsje, it debat en it duel, de linker- en de rjochterfleugel yn it pluche en op it grien, de stimming en de skoare, de útrinnende debatten en it beslissende doelpunt dat mar net falle wol en de nei in oare partij oerrinnende partijlid en de tuskentiidse transfer.
Op de (politike) arena fan it Efkes Baljen kamen wer 13 man ôf (dat is dan wol in ferskil mei de keamer wêr’t it opkomstpersintaasje aardich leger leit) sadat er in iets lytsere en in gruttere fraksje formearre wurde koe. Sûnder hes kamen de oranje hesjes wat te koart. It fjild wie sa breed makke dat de linker- en de rjochter fleugel troch de partij sûnder hes (7 man)  goed benut waard.
De 6 mei hes seurden dêr net oer, mar de sosjale 7 sûnder hes wiene fan miening dat iets letter as healwei in oerstappende fraksjelid wol besprekber wie. Dus begongen de 6 + 1 oan in ynhelrees. Sa sjogge je dat yn de keamer dy iene stim it ferskil meitsje kin en yn it fjild dy iene spiler.
De klok fan healwei njoggen oere sloech en de úteinlike balâns koe opmakke wurde. De 7 – 1 hiene noch wol wûn.
Dy 7 -1 dy’t no finale yn moasten mei in mantsje minder. It waard in spannend kertier om 2 doelpunten te meitsjen. De lêste minút wie al yngien doe’t hij ek syn twadde skoarde yn de finale. Hij kin op basis fan dy prestaasje syn affysje foar kommende woansdei wol ophingje: Gjin gesoademiter, skoare dat docht Piter (dit is in stimadfys)
Foar it wetterskip moat woansdei ek stimd wurde. Dat sil foar de Efkes Ballers gjin probleem wurde: Ien fan harren stiet op de list.

6 plus 1 mei hes: Ferrie, Kerst, Sipke, Johan, Theo, Folkert (en Wybren)
7 min 1 sûnder hes: Wouter, Menno, Frank, Pieter, (Wybren) , Harry en Aant