Sinteklaas weppers 2014

Seleksjes sneon 6-12
4 december 2014
Ut- en ferslaggen 6-12
4 december 2014

Fit
De foar sneon seleksjes binne wer bekend. Bij SDS A1 stie der dizze kear neist de nammen in opfallend wurdsje bij de tiid fan fuortgean sneon: fit.

Sinterklaasynkeapen
Mochten der moarn dochs noch wat helpsinteklazen yn it lân wêze dan kinne sy altiten noch wat ynkeapen dwaan yn de SDS-kantine. Yn de bestjoerskeamer binne, lykas alle sneonen, SDS-sokken en SDS-sjaals te krijen.


Efkes balje
Mei it each op pakjejûn wie it juster al in drokte fan belang op de whatsapp groep fan it Efkes Baljen. Swarte Pyt út Itens, dy’t grut wurden is fan papagaaiensop begong mei ôfsizzen. Hij moast fansels earne oars yn aksje. Syn feint better bekend as SinteTheo koe doe fansels ek net. Ek te drok.

Unbegryplik fansels dat de Efkes Baller dy’t in echter burd hat as de nep Sinteklaas, op sa’n jûn net yn aksje hoecht. Hij kin gewoan balje.
Doe socht de sint fan de takomst in hierskerpe kamera op en melde dat hy der jûn ek mei syn burd wêze soe.



Wij wachtsje it ôf en mocht it net troch gean, dan wurdt dat hjir úterlik 16.00 oere melden.

Sinteklaas
Sa lang wij yn de loft binne mei dizze side, pleatse wij fansels it bysûndere
Sinteklaas filmke wêr’t net alles goed giet.

SDS Vr 1
It sil dochs net sa wêze dat de Sint en syn Piten in oantal froulju fan SDS Vr1 meinommen hat. Want harren wedstriid tsjin Oudega Vr1 giet net troch. Mocht it al sa wêze dan stelle wij de beste Sint foar om de froulju werom te bringen en dan harren lieder-trainer mar efkes mei te nimmen……..

Oare tiid
SDS 4 soe al betiid balje sneon, mar omdat de froulju dus net fuotbalje is der om 14.00 oere romte op it B fjild. Dus komt SDS 4 om 14.00 oere yn aksje tsjin sc Bolsward 4.

Efter de bar
Wy geane der fanút dat it sneon in noflike Sinteklazeboel wurdt yn de kantine. De lju fan SDS 4 meie de bar behere en hawwe Harm-Auke en Ype nei foaren skeaun. Dat betsjut ek dat sy de muzyk regelje meie. Wy ferwachtsje net folle Sinteklazelieten, mar dizze en dizze sille sawiesa wol foarby komme. No al nocht yn!

SDS 2
Gelokkich falt it programma ek in kear goed op sneon. At SDS 1 út fuotballet, soe wat ús oangiet SDS 2 thús fuotbalje moatte. Moarn is it sa fier. Wa’t net nei Starum wol, kin no gewoan yn Easterein telâne.

De snertrin libbet!
De snertrin is oankundige foar sneon 3 jannewaris 2015. Dat ropt bij in oantal fuotballers in reaksje op, omdat sij dy dei Milaan berikt ha, fanwege harren
liftwedstriid.
Beste minsken,
Wy as fanatyke fuotballers fan ’t 5e fyn ’t tige spitich dat de snertrin dit jiir al sa betiid plak fynt. Wy wolle hjir graach by wêze.
Mar rûn dy tiid binne wy yn Milaan, dit yfm t liften.
Is hjir wat oan te dwaan?
Groetnis,
Martijn, Gert Jan, Bram, Eeltje, Thomas, Andries, Sytse H, Geeske (froulju), Jelmer (fan ’t 1e) en Igor

Harsens derby(1386)
No look, wol leuk!