Sealteam wurdt 7e yn Frentsjer

SDS A-1 winner yn Greidhoeke
21 december 2002
Is Sipke Hiemstra wol wiis?
3 januari 2003

It 1e sealteam fan SDS is (as Rabobank Bolsward) 7e eindige op it Krysttoernoai yn Frentsjer. Sy kamen de poule aardich troch mei in 3e plakje en moasten yn ‘e 16e finales gelyk oan ‘e bak tsjin ien fan de grutte favoryten, Leeuwarder Onderlinge. Foarrich jier waard hjir fan ferlern yn ‘e heale finale. Dit kear dienen de mannen it better. Neidat sy 1-0 efter kamen wist Robert Sybesma al gau de lykmakker te meitsjen nei in moaie aksje. Leeuwarder Onderling bleaun oanfallen, mar waard net echt gefaarlik. Mei twa counters wist de Rabo Bolsward wol te skoaren troch Anne Stenekes en Willem Wijnia. Sy dienen dit ûnder lûd gejuich fan it massaal opkommen Eastereinder publyk.

Yn ‘e 8e finales moasten de jonges tsjin Prins Bouw. In geroutinearde ploeg dy al gau yn ‘e gaten hienen hoe sy de Raboploeg bespylje moasten. Sy sieten der foel op en wisten al gau 1-0 te meitsjen. Hjirnei lieten sy immen sakje en lieten de Eastereinders komme. Genôch kânsen waarden der makke, mar de bal woe der net yn. It bleaun dan ek 1-0. Útskeakele dus. Foar “SDS” al mei al wat in teleurstellend 7e plakje, oansjoen sy de foariche edysjes twa kear 1e en in kear 3e waarden. It nivo fan foariche edysjes hellen sy no miskien mar yn ien wedstriid (tsjin Leeuwarder Onderlinge) en dat wie dúdlik te min om heger te eindigjen.

It toernoai waard wûn troch de Bogt fan Gunë die yn ‘e finale Grand Café de Doelen mei 2-1 yn ‘e Sudden Death ferslein.

Foar Rabo Bolsward spilen:
Marco Reynhoudt
Harm Stremler
Feite de Haan
Anne Stenekes
Robert Sybesma
Wichard Deinum
Willem Wijnia
(Tsjipke Okkema en Marten Faber spilen de earste dei ek mei yn plak fan Marco en Harm).