SDS A-1 winner yn Greidhoeke

Hendrik de Jong ûnder it mes
20 december 2002
Sealteam wurdt 7e yn Frentsjer
27 december 2002

Op it KNVB fuotbaltoernooi dat jierliks yn de krystfakansje holden wurdt hat SDS yn Easterein it earste plak helle.

Yn twa poultsjes fan 4 waard striden om it earste plak.

SDS wûn fan Skearnegoutum mei 6-0, fan ONS mei 1-0 en de beslissende wedstriid tsjin de Jouwer mei 2-0.

Spilers fan SDS wiene: Tjipke Klaas Okkema, Kees Adema, Skelte Anema, Marten Faber, Jacob Klaas Haitsma, Mark Postma en Sjoerd Rispens.

Yn de finale wedstriid, wêr’t beslist waard, wa’t yn de Trije it eintoernooi mei dwaan mocht, kaam SDS LSC, mei Klaas Westra as koach, tsjin.

In spannende wedstriid, wêryn LSC in foarsprong naam.

2 minuten foar tiid makke SDS gelyk.

Strafskoppen brochten de beslissing. Nei in searje fan 5 wie de stân noch gelyk. Beide ploegen hiene ien mist.

De sechste strafskop fan LSC waard mist en Sjoerd Rispens koe prima mei de druk omgean.