Evenementen in december 2022

Wepperkes -woansdei-
3 juli 2004
Gerrit Sytsma wint de SDS EK-League!
5 juli 2004

SDS 1 is der juster, lykas alle oare teams, net yn slagge om de 1e Midsimmercup te winnen. Nei yn ‘e poule as 2e eindige te wêzen, krekt efter Drachtster Boys, moast SDS 1 yn ‘e 8e finale tsjin Zeerobben 1.

In drege ploech dy ’t yn ‘e poule noch fan Foarút (seal) wûn hie. De wolken boppe Dronryp waarden hieltiten drigender doe ’t de wedstriid begûn. Zeerobben foel meastentiids oan wêr SDS wachte op dat iene kânske. Sa fuotballe SDS eins de hiele dei al. SDS krige lykas Zeerobben inkelde kânsen. It wie Zeerobben dy ’t mei 1-0 foar kaam. It begie sa stadichoan wat te reinen. It fjild waard sjippeglêd en fan in wedstriid wie al gau gjin sprake mear. Zeerobben makke mei noch sa ’n 3 minuten te gean sels de 1-1 en de wedstriid like op strafskoppen út te draaien. Zeerobben luts dochs noch oan it langste ein troch in minút letter dochs de 2-1 efter Jan Simon Jelsma te sjitten.

De goal wie noch net fallen of der kaam in gigantyske wolkbreuk boppe Dronryp. De wedstriden wienen ôfrûn en eltsenien draafde mei gang de tinte yn. In heal oere allinne mar wetter en ûnwaar. De spilers fan SDS koenen oan it bier. Útskeakele yn ‘e 8e finales. Der hie miskien al mear yn sitten. It toernoai gie noch efkes troch nei de earste reinbui, mar waard efkes letter dochs staakt neidat it wer begie te reinen. Jammer foar de orginisaasje. De organisaasje hie foar dit toernoai alles goed foar mekoar. Oan de reaksjes fan dielnimmende spilers te hearen mei dit toernoai elts jier wol spile wurde en kriget it miskien nochris deselde allure as de Midwintercup. Jammer dat Pyt Paulusma no net meiwurkje woe. It hie no mear wei fan ‘e Midhearstkup.

Moandeitejûn wurde de rest fan de finales spile.


Anne syn gesicht stie al gau op ûnwaar.

Peter, Willem en Jan Simon dogge it efkes rêstich oan yn de wedstriid tsjin Drachtster Boys.

Anne en Floris geconcentreerd.

Dy sinnebril fan Willem Overal koe oan it ein fan ‘e middei wol ôf. Op ‘e foargrûn sjogge jimme Richard van der Weit. Dizze âld spiler fan SDS, spilet nei in aventoer by Ljouwerter Sweltsjes wer by Sparta Deinum.