SDS spilet gelyk tsjin CVVO

Wichard Deinum net langer oanfierder
5 november 2002
Littenseradiel op plak 307
15 november 2002

SDS pakt punt tsjin CVVO

 

SDS hat sneon mei 1-1 lykspile tsjin CVVO út de Lemmer. Yn in matige wedstriid koe SDS net oertsjûge. Foar it publyk wie der net folle oan, al gie it der op it ein fan ‘e wedstriid noch aardich foel oan ta. CVVO krige yn ‘e lêste tsien minuten twa reade kaarten. SDS koe fan dit foardiel net mear profitearje.

 

By SDS begie Feite de Haan as nije oanfierder. Feite de Haan wie troch de A-seleksje nei foaren ta skood neidat Wichard Deinum him weromlutsen hie as oanfierder. SDS begie rêstich oan de wedstriid lykas CVVO. Beide ploegen krigen dan ek weinich kânsen. By SDS rekke Durk-Yde Sjaarda al gau blesseare en waard ferfongen troch Tsjipke Okkema. De spilers fan CVVO gienen der by de duels bytiden hurd yn. By SDS foel ek grinsrjochter Geert Hiemstra út mei in spierblessuer. Klaas Overal naam de flagge oer. Hy koe net foarkomme dat CVVO mei 0-1 foarkaam. Nei ferkeard útferdedigjen kamen der twa spilers fan CVVO allinne op keeper Egbert Bootsma ôf. Op rântsje bûtenspul makken sy dit goed ôf.

 

De twadde helte like in soad op ‘e earste helte. Fan beide kanten net goed spul en sa krigen beide ploegen dan ek weinich kânsen. De lykmakker fan SDS kaam dan ek út in dea spulmomint. Oanfierder Feite de Haan easke de frije traap op die at naam wurde moast op de râne fan it strafskopgebied. Mei in moaie kurve trape hy de bal yn de fiere hoeke. De keeper fan CVVO koe hjir allinne mar nij sjen. Op it ein fan ‘e wedstriid koe it publyk dochs noch in bytsje waarm wurde al wie it net fan it goeie spul. Twa spilers fan CVVO krigen flak efterelkoar de reade kaart neidat sy efkes te hurd in spiler fan SDS ûnderút trapen. SDS koe hjir gjin gebrûk mear fan meitsje oansjoen de skiedsrjochter flak hjirnei ek al ôffluite. Opmerklik by SDS wie noch dat trainer Kees Jansen Tsjipke Okkema de twadde helte wiksele foar Dennis Dykstra. Tsjipke Okkema wie der ommers yn ‘e earste helte krekt ynkommen. Wy nimme mar oan dat hy blesseare wie(?!).

 

(WW)