SDS seal slút seizoen prachtich ôf

Weppers tongersdei 16-6-2022
15 juni 2022
Kompetysjes dien
20 juni 2022

Futsal Heerenveen- SDS seal 1

Woansdeitejûn, 20:00. De sportstad Heerenveen wie it dekôr foar wer in nije fjildslach tusken Futsal Heerenveen 1 en Sds.

Dat de spanning d’r op stûn, waard gau dúdlik. Noch foardat dr in bal trape wie, rûnen de gemoederen tusken de skeidsman en oanfierder Mark Klijnsma heech op. Gelokkich koe de rûzje yn de kime smoard wurde, mar de toan wie setten.

Sds begong net skerp oan dizze pot en rûn hieltyd achter de feiten oan. SDS gong fan in 1-0 achterstân nei 1-1 (stan), 2-1, 2-2 (Tjitse) en seach nei in helte spyljen tsjin in 4-2 achterstân op.

De twadde helte gong in stik better en al gau jage Mark de 4-3 en de 4-4 tsjin de touwen. De trochwintere feteraan Jacob Jan wie ek druistich op syk nei de twadde goal fan syn sealkarrière en nei in pear ûngefaarlijke pogingen neist en oer, siet de bal úteindelijk yn de eigen goal. Undanks it feit dat dit inderdaad net de goeie goal wie, joech it de ploech fleugels; Jacob-Jan skoart immers noait.

Sds rûn troch goals fan Douwe Jan, Tjitse en Stan út nei 5-7. Futsal Heerenveen wist dr noch 6-7 fan te meitsjen, mar yn de lêste wedstriid fan it seizoen wie de oerwinning foar it flaggeskip fan Sds.

Dit betekene in 5e plakje op de ranglist, op twa punten achterstân fan de nûmer 3. Dit jout in enigszins fertekene byld fan de krêftsferhâldingen dit seizoen. Sds wie fuotbaljend faak de bettere ploech, mar krige faak troch in gebrek oan ekspertise en skerpte toch in hele bult ûnnedige goals om de earen.

Al mei al ha we wol in prachtich jier draaid mei syn allen en leit de fokus al wer op it nije seizoen, dan gean we nammentlik foar neat minder dan it kampioenskip.

Douwe Jan Vellinga