Weppers tongersdei 16-6-2022

Nije wepsjop by MUTA
15 juni 2022
SDS seal slút seizoen prachtich ôf
16 juni 2022

Fjilden ticht

Fanôf hjoed kin der net mear traind wurde op it keunstgers en it B-fjild. Dizzen gean in pear wiken ticht foar grut ûnderhâld. Der mei wol efter de sporthal fuotballe wurde. Hjir wurdt ek keatst.

Teamyndielingen jeugd

De nije teamyndielingen by de jeugd binne sa goed as rûn. Hooplik kinne jim se hjir begjin nije wike besjen.

Ruurd Visser nei IJVC

Ruurd Visser fuotballe jierren by SDS, mar nei inkelde ferfelende blessures stoppe hy der jierren lyn mei. Ynmiddels wennet hy al in pear jier yn Drylts en pakt hy de fuotbalskuon wer út de wylgen en giet fuotbaljen by IJVC. Wy winskje him dêr in protte súkses.

Neikompetysje

De neikompetysjes binne drok dwaande. Juster wûn Workum fan Heerenveense Boys en dat betsjut dat sy sneon yn de finale tsjin ONT stean. De winner spilet folgend seizoen yn de 2e-Klasse.
Nijland hat juster ferlern fan ONT en spilet folgend seizoen wer by SDS yn de 3e Klasse.

Lokwinske!

Marten Faber en Jetske Sieperda binne juster op ‘e nij heit en mem wurden. Dit kear fan Ylse. Fan herte lokwinske!

Midsimmercup

Op sneon 25 juny docht SDS mei oan de Midsimmercup yn Dronryp. De poule-yndieling sjocht der sa út.