SDS League: Yward pakt wykpriis!

Seleksjes sneon 18-9
16 september 2010
Ut- en ferslaggen sneon 18-9
17 september 2010

Hjir is dan eindelijk de earste stân fan de SDS League. Nei in dei puzzeljen is it foarmekoar. Yward Zijlstra pakt mei “VV De Zijltjes” de earste wykpriis. Hy bliuwt Paul Reitsma 4 punten foar dy ’t wer knap start mei syn twadde plak.

hspace=0
Yward pakt de wykpriis

Fansels begjint Greet Bouma net al te sterk mei “NHIBD”(Neerlands Hoop in Bange Dagen) en stiet sy op in 65e plak. Dochs sil de flagge útgean, want sy bliuwt har oare helte, Lolke, (“The Butchers”) wol ien punt foar.

“De Doelleazen”(Ids de Boer) hawwe no miskien al in doel en dat is nije wike heger stean dan it 62e plak fan no.

Stiif lêst stiet “Khstijaan” fan Christiaan Hoekstra. Hy hat krekt 4 punten minder as “Spilie Dûse Sûpe” fan Arjen Los en E.T.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 1.