SDS League: Wykpriis falt yn Lollum!

Weppers woansdei 30-11
30 november 2011
Weppers tongersdei 1-12
1 december 2011

It is dizze wike Simon Bruinsma út Lollum dy ’t mei SV OSM de wykpriis pakt. Hy pakte mar leafst 55 punten en giet lyk fan it 25e nei it 12e plak. Simon docht lykas syn heit Thys al jierren mei oan de SDS League. Simon docht it in stik better as syn heit dy ’t wy mei (“Lollumer) Stip” op it 50e plak weromfine.

Dit is wol Simon, mar net mei de wykpriis…………

“Algemeen Fons” fan Sjoerd Rispens rint no wol in hiel ein út. Hy pakt dizze wike 48 punten en stiet no 18 punten foar op “Torpedo(Jaap) Toering”en 19 op “De Elf van (Johan)Delf”.
Op nûmer 4 stiet noch wol “Hey Ho Let’s Go”(WW), mar dy hat de gang nei ûnderen te pakken no ’t Verhoek en Kwakman blesseard binne.

“YOBZ” fan Yward Zijlstra hat dizze wike mar leafst 53 punten en komt mar 2 punten te koart foar de wykpriis. Hy sjit der allinnich net folle mei op. Hy giet fan 73 nei 67.

Om ryk te wurden moat Bauke Dijkstra mar wat yn de Jimbar wurkjen bliuwe. Hy wurdt it yn elts gefal ney mei it meidwaan oan de SDS League. Hy bliuwt reade lantearndrager mei “W.I.B.D.M.”.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 10.