Weppers woansdei 30-11

Weppers tiisdei 29-11
28 november 2011
SDS League: Wykpriis falt yn Lollum!
30 november 2011

Gjin trainen……………..
Hjoed soe de leste training foar de winterstop weze foar de E3 , helaas is Ayanle ferhindere dus giet dit net troch.
Hans


Fan herte lokwinske en betterskip!
Amarins Hendriks is hjoed 27 jier wurden. Spitich genôch moat sy dit fiere mei de foet yn it gips. Foardiel is dat sy moai thús is om har jierdei te fieren. Fan herte lokwinske en betterskip!

Fan herte lokwinske
Sije van der Schaar (F2) wurdt hjoed 7 jier. “Dat er mar in grutte jonge wurde mei”. Hy sil fannemiddei fêst traktere op trainen.

Mar it is ommers al in grutte jonge…

SDS 2
SDS 2 spilet sneon út tsjin ONS 3. Dizze wedstryd is net om 14.30, mar neffens Voetbal.nl om 12.15.

Frijwillligers
Justerjûn binne de frijwilligers fan de Skoalleseize bijpraten oer allegear saken lykas feiligens, befeiliging, skjinnens, apparatuer en de takomstplannen. Letter mear hjiroer.

Betterskip
Dat winskje wij Tinus Hoekstra dy’t yn Snits yn it sikenhûs leit. Hij leit op ôfdieling CO en in kaartsje stjoere fynt hij fêst leuk.

SDS League
Wy hâlde de spanning der noch efkes yn en komme dan jûn echt mei de nijste stân.

Frijwilligers
Fansels is it ek foar SDS dreech om frijwilligers te krijen. Soe it by ús dan ek in kear sa fier komme?(klik hjir)

Harsens derby (623)
Yn de blessuretiid in penalty tsjin krije en de keeper mei in reade kaart fan it fjild sjen gean. Dan kinne je it wol skudde: