Weppers tongersdei 1-12

SDS League: Wykpriis falt yn Lollum!
30 november 2011
Weppers freed 2-12
1 december 2011

Alle B,C junioren en D-pupillen opgelet!!!
Het kersttoernooi van de B en C junioren van 17 december en het A.Hak nieuwjaarstoernooi op 7 januari van de D-pupillen zijn omgewisseld. Alle D-pupillen zijn op 17 december klaar met de competitie , terwijl de C1 17 december de topper tegen AVC C1 moet spelen.
Dus:
17 december 09:00 uur tot 13:00 uur het A.Hak zaaltoernooi voor de D-pupillen en MC1 (in de D-pupillen leeftijd).
07 januari 09:00 uur tot 12:00 uur het Kersttoernooi voor de B en C junioren.
Hans


C1
Der is hjoed gjin trainen foar C1. De trainers kinne beide net.

C2
Ek is der hjoed gjin trainen foar C2.
André

Jierdei

En sa is der hast alle dagen wol ien jierdei bij SDS. Da1 hat hjoed feest want Nellie Stoffelsma wurdt 19 jier. Fan herte lokwinske.

Frij
De folgjende teams hawwe sneon gjin programma: E5, D2, C2 en Da1.

Seal frij
No sneon is de seal frij fan 9.00-12.00. Miskien wol ien of mear fan de teams hjirboppe dy ’t frij is hjir wol gebrûk fan meitsje. Mocht ien dat wolle (of in oar team) dan meie sy harren melde by
Bote Strikwerda.

SDS 1 seal ûnderút
By SDS 1 is it dit seizoen hast eltse wedstryd itselde. SDS fuotballet en de tsjinstanner makket de goals. Juster wie it net oars. SDS ferlear thús mei 5-1 fan Heerenveen 3. Pieter de Vries makke de goal foar SDS.

Rekreaasjefuotbal op freed
It plan wie om kommende freed al te begjinnen om mei 7 tsjin 7 rekreaasjefuotbal útein te setten op it trainingsfjild efter de sporthal.
Wij hawwe al meardere tasizzings fan leafhawwers dy’t graach meidwaan wolle, mar it lykje noch wat te min. Wij wolle graach goed begjinne mei genôch minsken wêr’t wij freeds (meast) op rekkenje kinne.
Dêrom is it foarstel no om de kommende twa moannen te brûken om mear nammen te krijen en bettere tasizzingen sadat wij earne yn febrewaris of begjin maart echt los kinne mei genôch minsken.
Dus helaas kommende freed noch net.
Hawwe jim belangstelling om yn prinsipe mei te dwaan lûk Durk O. of Aant oan de jas. Of mail nei
sds-nijs@home.nl

Skoalleseize (1)
Tiisdeitejûn waarden de frijwilligers fan de Skoalleseize (fertsjintwurdigers fan de gebrûkers) op de hichte steld oer rinnende en nije saken. It is in hiele organisaasje foar it bestjoer om it alle kearen wer rûn te krijen met de ynset fan frijwilligers en op dizze jûn koene dingen útlein wurde en oanjûn wurde.
Foar de leafhawwers útlis oer de technyske apparaten lykas de ôfwaskmasjine, de alarmynstallaazje, it biertaapjen, it bierfetferwikseljen en de lûdsapparatuer.

Skoalleseize (2)
Op sa’n ynformaasjejûn kinne ek de winsken oanjûn wurde: lyts en grut. Klachten wiene der oer de grutte (of leaver de lytse) fan de pollepels, de ûnhandige kofjeskinkers, de fersliten tsjettels, de krappe romte foar glêsguod, de swiere tafels, de stof op de kezinen. de ôfstelling fan it ljocht en it gemis oan peuke-amers bij de doar.

KNVB en syn rigels
Mienden wij noch dat der mei dit kabinet wer in tiid komme soe mei minder rigels, de KNVB tinkt dêr oars oer.
It drinken bûten de kantine en yn klaairomten is net tastien. Utsein wetter en limonade. En net allinne at it earste fuotballet, mar de hiele dei at der fuotballe wurdt.
Dus op fjild A in wedstriid en yn it sintsje bij fjild B nei de fûgels en de molen sjen mei in bierke en wat maten is net tastien.
It mei wol at it dêr in terras is. Wij tinke dat der aansens in hiel soad frijwilligers binne dy’t helpe wolle it terras oan te lizzen. Dy plannen binne al aardich útwurke en it doel is om it foarjier dêr foar te brûken.

Skoalleseize -jubileum
Takem jier bestiet de Skoalleseize 25 jier. Dat sil fierd wurde yn it lêste wykein fan augustus mei tal fan aktiviteiten fan de gebrûkende ferienings.

Harsens derby (624)
Fan ‘e wike in prachtige “ûnitiliaanske” wedstryd sjoen tusken Napoli en Juventus dy ’t yn 3-3 eindige. Nei de wedstryd waard der it meast praten oer de 1-0 fan Marek Hamsik. Of dochs net?



Letter miskien mear!