SDS League: Wer 2 wykpriiswinners….

Weppers tongersdei 12-3
11 maart 2015
Seleksjes 14-3
12 maart 2015

De wykpriis wurdt dizze wike op ‘e nij dield. No net tusken twa Sytsma’s, mar troch Igor Kalinowski (“FC Kali”) en de wepmaster (“Hey Ho Let’s Go”).

 

De wykpriiswinners!

As der ergens oan “matchfixing” dien wurdt dan is it wol yn de SDS-League. Nei 4 wiken kinne wy namelijk fêststelle dat mar leafst yn 3 fan de 4 gefallen fan in wykpriis der in priis foel yn it hûs fan de foarsitter fan SDS. De organisaasje fan de SDS League hat hjoed besletten dêr fierder gjin ûndersyk nei te dwaan…….

Jelmer Posthumus pakt mei “Postmeister FC” dizze wike de kopposysje. Hy nimt dizze oer fan “Moai sTom”(Wijnia).

It is net te leauwen, mar “Algemeen Fons” fan Sjoerd Rispens stiet alwer 2e. De earste helte fan de SDS-League stie hy skoften boppe-aon, mar waard hy úteinlik 2e.

Foarige wike seinen wy per ûngelok dat Peter Stuiver ûnderoan stie, mar dat wie fansels Gert-Jan Hessels mei “Lykwicht Eeltje Postma”.
Dizze wike pakt “Frisia Non Cantat” fan Skelte Anema de reade lantearn.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 4.