SDS-League: ‘Vrijdagavond Feest’ pakt de titel!

Weppers woansdei 29-12-2021
29 december 2021
Habtamu de Hoop en SDS 3 yn Editie NL op RTL 4.
4 januari 2022

It is ‘Vrijdagavond Feest’ fan Matthijs Postma dy ‘t der mei de haadpriis fan troch giet yn de SDS-League. Hy pakt yn de lêste wike 54 punten en dat is genôch om boppe-oan stean te bliuwen.

Matthijs bliuwt ‘Kansloos’ fan Bas van der Weij sa 22 punten foar. Jaaps ‘Torpedo Toering’ is 3e wurden.

De lêste wykpriis fan it jier wurdt dield troch ‘FC Dronryp’ fan Tsjalling Sikma en ‘Bergosso’ fan Jan-Friso Bruinsma.

Opfallend is dat fan de 14 wykprizen der mar 4 hiele en 2 dielde wykprizen yn de top 10 fallen binne. Meast leit dat oantal folle heger. Dirk Stegenga waard mei ‘Covid-11’ 5e, mar pakte ek noch 2 wykprizen wêrtroch hy aardich yn it prizenjild sit.

It prizenjild wurdt kommende wike byskreaun en dan wurdt ek it dielnamejild ind fan de bankrekken.

Nei de winterstop sille wy los mei de twadde helte fan de SDS-League as de transferperioade der wer op sit. Dit sil dus nei 31 jannewaris wêze. Elkenien mei dan wer in nij team ynleverje. Wy sille sjen as wy dan op 75 dielnimmers komme kinne. Dat soe alderaardichst wêze fansels yn it jier dat SDS 75 jier bestiet. Hâld de webside goed yn de gaten om te sjen wannear as it wer los giet.

SDS League 2021-2022 stand earste helte wike 14 eindstand