Weppers woansdei 29-12-2021

SDS siket in trainer/koach foar de JO19
24 december 2021
SDS-League: ‘Vrijdagavond Feest’ pakt de titel!
3 januari 2022

Trainers ferlinge

It bestjoer fan SDS is der tige wiis mei dat trainer fan Vr.1, Johan Wittermans en syn assistent Richard de Greef ek folgend seizoen wer foar de groep fuotbalsters stean wolle. De froulju binne hjir ek tige wiis mei.

De nije Treffer

De Treffer leit by ús drukker en haadstiper Van der Eems en wy hoopje dat wy der foar soargje kinne dat hy noch foar Ald en Nij by jim troch de bus leit.

SDS-League

De einstân fan de SDS-League kinne jim hjir begjin nije wike op de webside ferwachtsje. As de Treffer earder yn de bus falt dan kinne jim him dêr yn sjen. Hâld de briefebus dus yn de gaten.

Lytse poppe

Fan freed op sneon hawwe âld-SDS’er Samme Overal en syn Anke in lytse poppe krigen. Fia pake Klaas witte wy dat mem en lytse Lisa it goed meitsje. Tige lokwinske!

Ticht

It sportpark is de kommende wiken ticht. It is dus net de bedoeling om op it keunstgers te fuotbaljen. Der kin wol efter de sporthal of op it MFT fuotballe wurde.

Harsens derby (2338)

Hy bliuwt leuk!