SDS-League: Twa nije koprinners!

Weppers woansdei 20-12
20 december 2017
Weppers freed 22-12-2017
22 december 2017

Sa’n dûbel programma smyt de hiele stân fan de SDS-League oer de kop. Sa hawwe wy sawol nije koprinners as in nije nûmer lêst!

‘FC Boekelaar’ fan Klaas-Bouke Faber hat de koppsysje ferlitten. Hy is aardich sakke, want wy fine him no pas werom op it 14e plak……….

It binne no ‘Jan TOTO’ Bruinsma en ‘Ajarnox’ fan Bas van der Weij dy ’t de kopposysje pakke. ‘Jan TOTO’ komt fan it fjirde plak, mar Bas komt hielendal fan it 17e plak en pakt mei 93 punten ek lyk de wykpriis.
It is seker noch net wis as dizze mannen der ek mei de haadpriis fan troch gean, want ien puntsje ûnder harren stiet ‘Stem op Habtamu de Hoop op 22 november’ fan Emke en Habtamu de Hoop. Sy komme fan it 15e plak en komme krekt ien punt te koart foar de wykpriis.

De twa nije koprinners! Wa giet der nije wike mei de ‘pykposysje’ fan troch?

De snelste stijger fan de wike is Pieter mei ‘Sytsma FC’. Hy giet mar leafst 16 plakken omheech fan it 31e nei it 15e plak. Je soenen sizze dat je dan gjin kâns mear meitsje op in plakje yn de top 10 mei noch ien wike te gean, mar dizze SDS-League is alles mooglik. Pieter stiet namelijk mar 8 punten efter op de nûmer 6 ‘SDS 4 FTW’ fan Igor Kalinowski.

Opfallend is de posysje fan ‘Sub-League’ fan Erik Haitsma. Yn de lêste 4 wiken pakte hy ien wykpriis en kaam hy twa kear krekt te koart foar de wykpriis. Ek no komt hy krekt 2 punten te koart. Al mei al liket hy al lang útskeakele foar de prizen mei syn 21e plak.

‘Jacobs Kaas’ Haitsma en ‘De Terpies’ Bauke en Femke binne de grutste ferliezers fan dizze wike. Sy liken mei dwaan te gean om de earste plakken mei harren 8e en 9e plak, mar binne no sakke nei it 22e en 23e plak.

‘Kratje Bier’ fan Marc Hoekstra hat dan ien wike foar it ein eindelijk de reade lantearn oerdien oan ‘Maccabi Marco’ Rijpkema. Wy binne benijd as dit stân hâldt.

De einstân fan de earste helte fan de SDS-League wurdt tradisjoniel bekend makke op de SDS-nijjierssit op sneon 6 jannewaris.

SDS League 2017-2018 earste helte stand wike 10