SDS 1 spile juster út tsjin sc Bolsward en it waard de wedstryd fan de 9 W’s. Wybe, Wybe, Wybe, Wybe, Wybe,Wybe, Willem en Woonvaria(Johan) soargen mei harren goals foar de 8-5 Winst. Johan Heerma keepte op ‘e nij in knappe pot en Bas, Klaas en Pieter soargen foar de foarsetten.
Sneon om 10.00 oere de alderlêste thúswedstriid. Enne Bruinsma hat de eare om dizze wedstriid tusken SDS JO17-3 – SJO DFC JO17-3 te lieden.
SDS 1 moat nei de winterstop noch ien wedstryd ynhelje. 2 wiken werom waard de útwedstryd tsjin TOP’63 ôflast. Dizze sil no ynhelle wurde op sneon 24 febrewaris.
De nijste stân fan de SDS-League komt jûn om 20.32 oere. In dei earder as dat jim fan ús wend binne y.f.m. ús krystgefoel. 😉
De einstân fan de SDS-League wurdt bekend makke op de nijjierssit op sneon 6 jannewaris.
Juster wie ús skriuwster en fuotbalster fan SDS Vr.2 jierdei! Noch fan herte lokwinske!
Ryan Babel makke dit wykein foar it earst yn syn libben in hattrick by Besiktas mei tank oan Ricardo Queresma dy ’t syn foarsetten it leafst fanefter syn standbeen jout……..