SDS-League: Twa kampioenen!

Weppers tongersdei 18-5-2017
18 mei 2017
Weppers freed 19-5-2017
19 mei 2017
foto van Klaas Bouke Faber.

Klaas Bouke keapet ien op de titel!

foto van Jelmer Posthumus.

Jelmer is hielendal út de slurfen!

Foar it earst yn de 20-jierrige skiednis fan de SDS-League hawwe wy mar leafst 2 kampioenen. Sawol ‘FC Boekelaar’ fan Klaas Bouke Faber as ‘Postmeister’ fan Jelmer Posthumus pakke 442 punten en dat is krekt ien puntsje mear as Dirk de Jong mei ‘De Supersubs’.

Jelmer Posthumus giet der úteinlik dochs noch mei €100,- fan troch, want hy pakt de lêste wykpriis fan it seizoen.

De fysiotherapeut yn oplieding fan SDS 1, Foeke Reitsma, pakt mei ‘Stuk Tape’ krekt ien puntsje mear as syn ‘leermeester’ Dooitze Nauta mei DTD. It levert harren beide krekt gjin plakje yn de top 10 op.

Beide wepmasters pakke fansels likefolle punten en eindigje mei ‘Fan min nei better’ en Hey Ho Let’s Go’ it dielde 16e plak.

Ate Feike de Boer gie ôfrûne wykein fansels hielendal foar it kampioenskip mei Feyenoord. Dêrtroch pakt mei ‘Bla bla blafke’ mar leafst………….. nul punten.

Ûnderyn miskien wol de grutste ferrassing fan it hiele seizoen. De hiele SDS-League stie ‘Maccabi Marco’ Rijpkema ûnderoan, mar op de lêste spyldei giet de poedelpriis oan him foarby. ‘FC Moais Tom’ Wijnia eindigt sels noch 8 punten ûnder him.

 

Sjoch hjir foar de einstân: SDS League 2016-2017 twadde helte wike 12 eindstand