Weppers freed 19-5-2017

SDS-League: Twa kampioenen!
18 mei 2017
Sneon 20-5
19 mei 2017

SDS ûnder 23 – SDS 2  (oefenwedstriid)

In enersjyk potsje fuotbal justerjûn tusken de jongeren fan SDS en SDS 2. It wiene foaral de jongerein dy’t as in wervelstoarm begongen en aardich wat oanfallen opsetten, korners krigen en kânsen. It skoaren slagge net echt mar troch in benutte strafskop fan Pieter Sytsma (doelman Niels Hazewindus siet er noch wol oan) waard it dochs 1-0.
SDS 2 kaam der wat mear út en it doelpunt foel fan Tjeerd de Vries wie net alhiel ûnferwacht op dat stuit. Nei de tee sette jong SDS wer oan en earst wie it Lourens mei de 2-1, en dêrnei Wiebe de 3-1 mei in skitterjende kopbal en it wie dyselde Wiebe dy’t frij foar de keeper krekt miste.
In nuttich en sportyf potsjes ûnder lieding fan skiedsrjochter Vinke.

SDS VR1

Sneon spilet SDS VR 1 tsjin sc Bolsward Vr2.  It is de lêste thúswedstriid. It begjint om 14.30 en dit is de seleksje:
Alize, Akke Rixt, Amarins, Alissa, Geeske, Sieta, Sanne Rixt, Christa, Agnes, Janieke, Jeska, Lysanne, Tjitske, Ilse.
Flagger is : Bertus Bootsma

Slotdei C’s

Op de slotdei foar de senioaren, froulju, A’s, B’s, sealfuotballers en de Efkes Ballers organisere wy ek in apart mikstoernoai foar de C’s en MC’s.
Dit toernoai begjint op sneon 3 juny om 13.00 oere. Graach opjaan fia de lieders.

Workum- SDS 4 6-1 ………………en bier en pizza!

SDS 4 stie woansdeitejûn mei rust 1-0 foar troch een goal fan Stefan van Krimpen. De twadde helte wie Warkum better. Sy wisselen 7 man yn de rust. De helte fan A1 en in pear fan it 1e kamen der yn. SDS 4 koe net op de been bliuwe. Se wienen te snel foar ús. Foar de rest hawwe we de wedstrijd mooi ôslúten. Yn de 3e helte regele de skeids twa krat bier en in spiler fan Warkum regele pizza!
Arjan
  

Harsens derby (1891)

As je mar genôch penaltys nimme moatte dan komme de keepers fansels oan de beurt. De iene keeper hat al mist en no kin de oare de wedstryd beslisse……..