SDS League: Torpedo Toering fier oan kop!

Wepperkes tiisdei 13-12
13 december 2011
Weppers woansdei 14-12
14 december 2011

It binne dizze wike “Peppi & Kokki”(Tom & Pieter) dy ’t der mei de wykpriis fan troch gean. Sy rekkenen harren nei sneon al hielendal ryk neidat Bas Dost 5 kear skoorde. Doe ’t ek Mertens noch skoorde en gjin inkelde ferdediger in goal tsjin krige like it hielendal klear. Sy pakke dizze wike mar leafst 73 punten en fleane hjirmei nei it 4e plak. En dan te betinken dat Suleymani ek noch in penalty miste.

Jaap Toering giet mei “Torpedo Toering” fier oan kop yn de SDS League. Mei noch ien spylronde te gean nimt hy mar leafst 12 punten ôfstân fan syn grutte konkurrint “Algemeen Fons”(Sjoerd Rispens). Ek “De Elf fan (Johan) Delf” steane op 12 punten.

Jaap op wei nei de earste priis?


Mocht Jaap of Johan de SDS League winne dan soe it foar it earst wêze dat ien foar de twadde kear de SDS League wint. Jaap wûn earder yn 2008-2009 de earste helte fan de kompetysje. Johan wûn yn 2005-2006 de earste helte fan de SDS League.

“W.I.B.D.M.” fan Bauke Dijkstra kin it lêste plak hast net mear misrinne of it moat al wêze dat Van Dijk(UTR) de pannen fan it dak keepen giet, Vukovic(RJC) en Cmovs(NEC) in kear de nul hâlde, Enevoldsen(GRO), Martens(AZ) en Sigthorsson(AJA) wer ris fuotbaljen gean en Janko(TWE) ris in basisplak krijt. Miskien kin hy dan noch ien nei lêst wurde…………

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 12.