Wepperkes tiisdei 13-12

A. Hak-zaalvoetbaltoernooi D-pupillen!
13 december 2011
SDS League: Torpedo Toering fier oan kop!
14 december 2011

SDS 1 winterprogramma
In snertrin, in útsje, in traininkje yn Snits, in kompetysjewedstriid, in traininkje yn Easterein en in skaadprogramma. SDS 1 hat it
winterprogramma klear.

SDS-sealtoernoai
It SDS-sealtoernoai foar senioaren en A-junioaren fynt plak op sneon 28 jannewaris. Set it mar fêst yn de aginda. Healwei jannewaris kinne jim jim opjaan fia de webside.

SDS 1
We traine en oefenje dit jier net mear (winterstop).
We starte takom jier op tongersdei 5 jannewaris en de sneon dernei fansels de snert rin.
Goeie dagen tawinske!
Groetnis,
Anne, Dooitze, Jaap en Marco.

SDS A1
Der is gjin trainen mear dit jier.
Jimme krije berjocht oer de folgjende training.
Groetnis,
Jaap de Blaauw

SDS 2
Jûn kin der net traind wurde y.f.m. it wiete fjild. Y.f.m. de kompetysjewedstryd fan sneon wurdt der sjoen as der tongersdei noch wol traind wurde kin. Nei sneon is it sawiesa winterstop.
Johan

SDS 3
It tredde traint jûn ek net en is dus fry. Kommende tongersdei wurdt socht nei in alternatyf.
Groeten Jan

SDS C1
De C1 hat hjoed ek gjin trainen i.v.m. it fjild.
Groetnis,
Baukje

Hiehiephoera
Jeljer Overal wurdt hjoed 11 jier. Hij spilet yn D3.

Jierdei
Ek de Da2 stjoere hjoed hjoed allegear wer sms-kes en dogge beltsjes nei Janneke van den Elshout. Ek sij hat hjoed har jierdei en sij is fan 1985.

SDS League
Wy ferwachtsje moarn de nijste stân fan de SDS League hjir op de webside te hawwen. “Peppi & Kokki” kinne net langer wachtsje…………… Ynderdaad! Sy hawwe Bas Dost yn harren team.

Harsens derby (633)
Mar moai dat Van Wolfswinkel wat Portugees kin……..