SDS-League: Topwike foar ‘FC Op nei de top’!

SDS 5 kampioen
9 mei 2023
Weppers tongersdei 11-5-2023
11 mei 2023

Dizze wike in topwike foar ‘FC Op nei de top’ fan Gerlof-Jan Hofstra. Mei 70 punten pakt hy de wykpriis. Dêrmei hat hy 5 punten mear as Jaaps ‘Torpedo Toering’ en ‘FC Another Rick in the Wall’ fan Rick Hendriks.

Boppe-yn op ‘e nije stuorke wikseljen tusken de nûmer 1 en 2. Jaaps ‘Torpedo Toering’ stiet wer op 1 en ‘Team Hatseflats’ fan Thys Bruinsma op 2. Ricks ‘Another Rick in the Wall’ stiet 3e op 11 punten efterstân.

Underoan liket it noch tusken 2 teams te gean wat de poedelpriis betreft. ‘Brekken Boys’ fan Okke van der Kamp stiet noch lêst mei 3 punten efterstân op ‘Het Dispuut’ fan Jasper de Boer. ‘Frekie ter Schuur’ fan Ate Feike de Boer kin him deljaan efter de sansevaria, want mei 27 punten foarsprong op syn eardere trainer liket hy feilich foar de poedelpriis.

 

SDS League 2022-2023 twadde helte stand wike 11