SDS 5 kampioen

50 jier lyn
9 mei 2023
SDS-League: Topwike foar ‘FC Op nei de top’!
10 mei 2023

Ofrûne sneon waard SDS 5 yn Seizbjirrum kampioen. Sy wûnen mei 3-2 fan AVC al gie dat noch net sa makkelijk. SDS 5 kaam al gau foar mei 2-0 troch goals fan Tsjipke Okkema en Sjoerd de Boer, mar noch foar de rêst waard it 2-2. It wie Tsjipke Okkema dy ’t 3 minuten foar tiid de 3-2 makke en doe koe it feest mar begjinne.


Yn Seibjirrum krige SDS 5 lyk de kampioensskaal.

It like Napels wol yn Seisbjirrum, sa ’n fjoerwurk.

 
En fansels in foto mei hast de hiele seleksje foar de prachtige bus.


Yn Easterein wienen der sels spesjale SDS-5-kampioenshapkes