Weppers tongersdei 11-5-2023

SDS-League: Topwike foar ‘FC Op nei de top’!
10 mei 2023
Weppers freed 12-5-2023
12 mei 2023

SDS JO19-1 op wei nei de titel?

SDS JO19-1 stiet boppe-oan yn de kompetysje mei 22 punten út 9 wedstriden en hawwe 3 punten mear as nûmer 2, Balk JO19-2. CVVO JO19-3 stiet op 5 punten efterstân, mar hat in wedstriid minder spile. Sneon spilet SDS JO19-1 om 11.00 oere út tsjin Oeverzwaluwen JO19-1. As SDS JO19-1 wint dan dogge sy goeie saken en kinne sy nije wike thús yn de lêste wedstriid tsjin ONS JO19-1M kampioen wurde.

Heerenveense Boys 1 – SDS 1

SDS 1 mei sneon op besite by nûmer 2, Heerenveense Boys 1. Dizze wedstriid begjint om 14.30 oere. SDS 1 kin wol wat stipe brûke no ’t yn elts gefal Lourens, Pieter, Wiebe, Hendrik en Jaap blesseard binne en Luuk en Erik skorst.

Slotdei jeugd

De jeugdkommisje fan SDS organisearret dit jier wer in slotdei foar de jeugd. Dit kear sil dit plakfine op sneon 3 juny fan 9.00 – 13.00 oere. Ynkoarten kinne jim hjir op de webside it opjefteformulier fine.

Slotfeessie SDS 5

SDS 5 sil it seizoen feestelijk ôfslúte op sneon 10 juny. Tradisjoniel wurdt dit hâlden mei de Champions-Leagu-finale op it grutte skerm by leider Harm Dijkstra yn de tún.

Harsens derby (2165)

Ho…….

 

 

Letter mear!