Slotdei tige slagge!

Slotdei jeugd op sneon 3 juny. Jou dy no op!
28 mei 2023
SDS-League: Thys Bruinsma wint mei ‘Hatseflatse’ de titel!
31 mei 2023

Sneon spile SDS 1 de lêste wedstriid fan it seizoen en dat betsjutte dat de dei yn it teken stie fan ôfskie nimme en it seizoen moai ôfslúte.


Jaap Toering naam ôfskie as keeper fan SDS 1. De mannen fan SDS 1 hienen in moai spandoek foar him meitsje litten.


Hendrik de Jong naam ek ôfskie fan SDS 1. De mannen fan SDS 1 hienen foar him ek in moai spandoek meitsje litten.

It siet noflik op de ‘Bunnik’-side

En op de bank ek.

Siem en Brend, de soanen fan Jaap, hienen prachtige sjurts oan mei in byltenis fan harren heit as keeper fan SDS.

Niels van der Laan koe noch krekt in kear mei syn favoryt op de foto.

Wout Dijkstra woe mei syn favoriten, Gert-Jan en Niels Hiemstra op de foto.

Mar leafst 140 manlju en froulju kamen op de barbekjoe ôf.

De jeugd moast earst goed ite fansels.

Willem Wijnia naam ôfskie as foarsitter fan SDS en krige in prachtige tekening fan Paul Smit as kado fan it SDS-bestjoer.

SDS 5 socht al gau de waarmte fan de kantine op.

Sipke de Boer begie bûten, mar soarge úteinlik dat it dak fan de kantine ôf gie.