SDS League: Sytze Kooistra pakt de wykpriis!

Wepperkes -tiisdei-
24 oktober 2006
Wepperkes -tongersdei-
26 oktober 2006

Alves(HEE, 3x skoord), Huntelaar(AJA, 2x skoord) en Roorda(GRO, 4 goals tsjin) hawwe der foar soarge dat de hiele stân fan de SDS League oer de kop gien is.

FC Jankbek fan Ids de Boer nimt de kopposysje oer fan Hey Ho Let’s Go(WW). Wol wurdt hy op de hoed sitten troch Tom, Pieter and the Heartbreakers en Manchester United(Jacco Kooistra). Hey Ho Let’s Go sakket nei it 5e plak.

Sytze Kooistra pakt dizze wike de wykpriis mei mar leafst 50 punten. Hy hie net folle konkurrinsje. Syn “konkurrinten” hienen “mar” 44 punten. Dit wienen “K.O. haalt kerst niet”, “Mata Harie” en “FC Jankbek”.

Sytze is bliid mei syn wykpriis.

It giet net allinne mar goed yn de leafde mei Appie Posthumus. Ek yn de SDS League giet it as it slytjaget. Hy giet fan 24 nei 16.

Wy hawwe in nije nûmer lêst. Mei Huntelaar(AJA) en Alves(HEE) yn de basis slagge hy deryn om dizze wike mar 21 punten te pakken. Tsjeard Hofstra stiet dan ek hielendal terjochte op it lêste plak.


Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 5.