Wepperkes -tongersdei-

SDS League: Sytze Kooistra pakt de wykpriis!
25 oktober 2006
De pinguins komme der oan!!!
26 oktober 2006

Futsal: SDS 1 troch yn de beker
SDS 1 hat justerjûn mei 7-1 wûn fan Nij Engwier. Hjirmei berikke sy de twadde ronde fan de beker. Sy hawwe alle 3 poulewedstriden wûn.
SDS 1 is de ienige ploech fan SDS dy’t noch yn de beker sit. Neffens ús hat it noch nea sa slim west.

Futsal:SDS 2 underut!!
Justerjun 21.30 spiele SDS 2 harren tredde wedstriid(thus) yn de beker tsjin Ljouwert.
Beide teams koene hjir winne. Spytig,mar Ljouwert wun dit mei 3 – 5. SDS kaam eltse kear mei in goal ferskil efter. Goalgetter wie Skelte Anema. Hij naam se alle trije foar syn rekkening. Dirk Yde wie dit kear net fan de party,hij siet mei syn ferstoekte nekke.
Folgende wieke kin SDS 2 harren wer klear meitsje foar de competitie. Nei fiif kear spieljen ha sij/wij der oant no ta ien kear ferlern.
It aparte fan alles is miskien wol,dat net ien de fraag kin beantwurdsje fan: Gean no de nummers 1 en 2 troch,of allinne de nummer 1 yn de beker??? Klear,wij bin fan miening,dat wij oant dit momint in macht team foarmje,we ha enorm soad wille en we gean foar it uterste. SDS 2 hat der nocht yn en folgende wieke stean wij wer klear yn de sporthal yn Easterein!! Oant dan!!!! 
Groetnis Gerard en de futsalmannen fan SDS 2

Traine op krukken?
Remco Bervoets hat tiisdei de training oernommen fan Marcel Frankena by SDS 1. Marcel Frankena rint op krukken en is net yn steat om de training te jaan.

Mear trainers op krukken
Wij seagen justerjûn op tv dat Richard de Jong as trainer fan Black Boys de training liede op krukken.
Ek Kees Jansen, trainer fan Blauw Wit sleept him op it heden nei de bank op krukken. Dat kin noch leuk wurde oer in goeie wike at SDS (Marcel) tsjin Blauw Wit (Kees) moat en at it ferantwurde is dat Marcel nei Easterein komt.

Wol koache
Marcel Frankena lit ús witte sneon wol koache te kinnen:
Sneun Pinguin-day. Ik fien ut best. Disse Pinguin loopt dan met krukken maar zal er zaterdag wel bij zijn.
Vandaag weer naar laten kijken, de mediale (binnen) band of meniscus is niet helemaal in orde.
Maandag weer een test doen bij de dokter, tot die tijd rustig aan. Kan helaas niet trainen maar het coachen op zaterdag moet lukken. Ik heb al een lift geregeld.

Pinguin-dei
Sneon is it dus pinguin-dei(klik
hjir) yn de Pein. Jûn kinne jim der alles oer lêze hjir op de webside.

Net te leauwen!
It is net te leauwen. As jimme Aant gnizen sjogge dizze wike dan witte je no wêrom(klik hjir).

Mopke
Dizze is spesjaal foar Marco Hoekstra, Dirk-Yde Sjaarda, Marco Reijnhoudt, Durk Okkema, Klaas Okkema, Auke Hiemstra, Peter Sybesma, Geert Hiemstra en al dy oaren. Der komt wer ris in dei dat sy gnize sille. Salang dogge wy it(klik
hjir).

Harsens derby!(9)
Is ‘ie net super?(klik
hjir).