Wepperkes -tiisdei-

Meinte Sixma-toernooi
23 oktober 2006
SDS League: Sytze Kooistra pakt de wykpriis!
25 oktober 2006

Oare trainer
Ofrûne tiisdei stie Marcel Frankena net foar de groep troch syn ûngemak mei de knibbel. Remco Bervoets hat in oernommen en mooglik stiet hij tongersdei ek foar de groep.

SDS 5 betiid út de fearren
Kommende sneon moate SDS 5 al om 11.30 oere fuotbalje yn Wurdum. Dêrmei is wedstryd trije kertier nei foaren fersetten. Om 10.30 oere sette se ôf.

Futsalbeker
Woansdeitejûn binne der wer twa wedstriden yn de Greidhoeke. SDS1 en 2 spylje dan beide foar de beker. SDS 1 om 20.30 tsjin Nij Engwier 1 en SDS 2 om 21.30 tsjin Friesland 2. Sawol SDS 1 as 2 binne sa goed as wis fan de 2e ronde.

Futsal 1 troch nei folgende ronde
Tsjin Nij Engwier wûn SDS 1 de lêste wedstryd. It waard in 6-1 oerwinning. Bij rêst wie it 2-0 en nei it skoft benutte N ij Engwier sa bytsje de ienige kâns.
Doelpunten wiene der fan Peter, Johannes, Feite (2) en Anne (2). Dêrmei hawwe wij hast alle spilers neamd. Allinne Jaap Toering die noch mei. Hij hie in rêstich jûntsje yn it doel.

Nije stân SDS League
Moarn sille wy hooplik de nije stân fan de SDS League klear hawwe.
Wy ferwachtsje dizze wike mei nammen in soad fan de teams mei Alves(HEE) en Huntelaar(AJA) yn de basis(û.o. Sonata Arctica, B.A.S., Easpanne, Mata Harie en Fokke Bikkes).

Kenniskwis
Wy hawwe der in dielnimmer by yn de Kenniskwis. Feiko Broersma sil de Littenser ear ferdigenje.
Wij hawwe no dus 6 kandidaten:
Ut Wommels: Ype, Daan, Sjoerd en Willem
Ut Easterein: Jildert
Út Easterlittens: Feiko
Wij kinne noch 3 kandidaten brûke. Dus Eastereinders, Littensers, Riensters, Kûbaarders lit wat fan jim heare.
Opjaan kin bij
Aant

Nije Treffer
Folgende wike komt de nije Treffer wer út. Hawwe jim noch wat mail it dan dizze wike noch nei
ús.

Ballefangers
At je oan it fuotbaljen binne dan fine je it net leuk dat er sa no en dan in tennisbal oerfleanen komt. Gelokkich bart dat yn Easterein nea.
At je oan it tennissen binne, dan fine je it net leuk dat er sa no en dan in bal oanfleanen komt. Helaas barde dat wolris yn Easterein.
Derom hat it bestjoer fan de Skaolleseize besletten om in ballenfanger dy’t er noch oer wie, te pleatsen tusken tennisfjild en trainingsfjild.

Pinguin-day
Mei de wedstryd fan kommende sneon yn it foarútsjoch tusken ONT 1 en SDS 1 wurdt der op de webside fan ONT al foarútsjoen nei Pinguin-Day(klik
hjir). Soe Marcel Frankena sa beroerd rinne nei syn knibbelblessure???

De Klassieker
Feyenoord brocht foarich jier in DVD út neidat sy foar it earst yn jieren wer ris 2 kear yn in seizoen fan Ajax wûn hienen. Ajax bringt no fansels ek in DVD út.


Harsens derby(9)
Soms mei de bal der gewoan net yn(klik
hjir).