Weppers tongersdei 30-10

Wheagan-aksje!
29 oktober 2014
SDS League: "Strubbelingen" pakke wykpriis!
30 oktober 2014

Ledengearkomst SDS
Kommende woansdei is de jierlijkse ledengearkomst fan SDS. It begjint al om 19.00. Sjoch hjir foar de aginda.

Sponseraksje
Ien fan de SDS sponsers hat in aardige aksje dy’t SDS wol wat wat opleverje kin. Sjoch
hjir.

Derby!
SDS 1 hat sneon alwer in derby! No meie sy om 14.30 út tsjin SC Bolsward 1. Miskien dogge de âld-SDS’ers Redmer Strikwerda en Arjan Posthumus ek wol mei by SC Bolsward. Moarn mear hjiroer!

Movember?
It liket ús wol aardich om as SDS ek wat mei Movember te dwaan. Jim kinne hjir ein fan de wike op de webside lêze wat eksakt de bedoeling is.

Klaas Okkema soe ek sa meidwaan kinne


Eddy van Schaik
It sil sa ’n 20 jier lyn wêze dat Eddy van Schaik jeugdtrainer wie by SDS. Hy gie dêrnei nei Amerika om dêr de bêrn it fuotbal by te bringen en sûnt in pear jier sit hy by Ajax. Justerjûn hie hy in presentaasje by Zeerobben. Miskien kinne wy him ek ris útnoegje. Wy binne eins wol benijd wa ’t him noch kin en noch wit wat foar teams hy by SDS trainde en sa. Mail it nei info@vv-sds.nl!

Eddy twadde fan lofts mei û.o. Arnold Mühren.

Fyts fuort…..
Joshua Walta fan B2 is ôfrûne wykein syn moaie âlde reade frouljusfyts kwytrekke op de Terp. Wa kin him helpe de fyts werom te krijen? Mail nei info@vv-sds.nl.

Stienkoal Ingelsk (3)
1. He wanted to be thrown before the lions and now he sits with het baked pears
2. You don’t snap a wood of me
3. They tink we haw bought a cat in the bag

Harsens derby(1365)
Sa ’n goal makke Feite no ôfrûne sneon by SDS 2 ek. Dan allinnich in bytsje tichterby: