Weppers woansdei 26-3

Weppers tiisdei 25-3
24 maart 2008
SDS League: Spannumer Eartepûlen pakke de wykpriis!
26 maart 2008

SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Wy hawwe al in hiel soad, mar noch net allegear. Mail je tasnûmer nei info@vv-sds.nl!

Dizze is fan Harm-Auke.

Futsal
Der wurdt dizze wike net yn de seal fuotballe.

It helpt
It docht bliken dat de âlders oan de kant by jeugdwedstrydsjes dochs wat rêstiger wurden binne nei de kampanje fan SIRE. Of hat it der gewoan mei te krijen dat it gjin waar is om by je fuotbaljende bêrn te sjen? Dat is fierder net ûndersocht(klik hjir).

Enschede
Yn Enschede dêr hawwe se noch wol wat lêst fan in minderweardichheidskompleks, mar ek gefoel foar humor. Snein rollen de supporters fan FC Twente in prachtich spandoek út.
Het is het eindpunt van de trein,
bijna geen mens hoeft er te zijn,
bijna geen hond gaat zover mee:
Enschede!


Yn de Volkskrante fan juster wie dit it kommentaar op it ferlies fan Ajax:
Het is het einde van weer een seizoen,
voor Sneijder en Babel kregen we veel poen,
maar we zijn weer geen kampioen

Probearje(2)
Anne Brouwer hat de training foar de froulju jûn al klear……..

Letter mear!