Weppers snein 17-5

SDS League: Spannend oan kop!
16 mei 2015
F1 kampioen
17 mei 2015

It jild fan de SDS-keunstgerslotten hjoed ynleverje!

Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067 t.n.f. SDS-keunstgers
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Graach foar jûn 22.00 oere!

SDS-feiling
Moarn kinne jim hjir alles lêze oer de SDS-feiling op sneon 30 maaie. Sa meitsje wy û.o. alfêst wat feilingstikken bekend en fertelle wy wa ’t de feilingmaster wêze sil.
As jim sels noch in aardich stik te feilen hawwe dan meie jim dat wol fêst maile nei info@vv-sds.nl.

Net yn de SDS-feiling
Jelmer Posthumus wist noch wol in moai stik yn te bringen foar de SDS-feiling. Hy woe him sels ynbringe. Hjir mocht dan allinnich op boden wurde troch froulju. Hy soe dan dwaan wat dy frou wol. No ’t Jelmer neat hat mei ôfwoskjen hat hy der dochs mar fanôf sjoen……..

Barbecue
Moarn kinne jim jim fia de webside ek opjaan foar de barbecue op de SDS-jûn.

Neikompetysje SDS 2
De tsjinstanner fan de neikompetysje foar SDS 2 komt út ien fan dizze tsjinstanners:
Leovardia 3 – Rijperkerk 2

Blauw Wit ’34 3 – Dokkum 2
BCV 3 – Nijland 2
SDS 2 spilet op tiisdei 26 maaie de earste wedstryd thús tsjin ien fan de winners fan dizze wedstriden.


SDS 1 en 2 der op út!
SDS 1 en 2 sille der sneon 6 juny tegeare op út. Sy sille mei Germ Stenekes op de pream en yn Boazum wat ite. Dan kin Germ ek mar fêst in grut skerm yn de hûs helje foar de Champions League finale tochten wy sa.

Spannend

F1 spile sneontemoarn yn in reinich Wommels harren kampioenswedstriid. Tsjin Nijland waard in prachtige wedstriid spile mei spanning oant de lêste minút. Foar, gelyk, efter, gelyk, efter, gelyk….foar.

Noch net út iten!
De striid tusken de âld-SDS-trainers om in plakje yn de 4e-Klasse is noch net út iten. It Scharnegoutum fan MArco Hoekstra ferlear dan wol fan it TOP fan Lykle Bleekveld, mar it bleaun by 1-0. Kommende sneon spylje beide ploegen wer tsjinelkoar, mar dan yn Skearnegoutum.

Omkeapje?
Dat SDS 1 dit jier 3 kratsjes bier krige fan vv Nijland omdat sy wûnen fan vv Workum telt yn dit ûndersyk noch net iens mei (klik hjir).

Perspektyf
Sjoerd Mossou set it fuotbal wer efkes in goeie perspetyf.
Syn kollum fan juster.

Peppi & Kokki
Peppi: “It like krekt of die dy iene fuotballer in punter”.
Kokki: “Wat bedoelst? Buorman of buorfrou Punter?”

Harsens derby (1501)
Pikefel!