Weppers tiisdei 19-2

Weppers moandei 18-2
17 februari 2008
SDS League: Pa Madou Kees pakt wykpriis!
19 februari 2008

In jonkje
Metsje Huitema en Anne Stenekes binne ôfrûne snein ferblide mei de berte fan in lyts jonkje. Út sear ûnbetroubere bron fernamen wy dat it jonkje Redmer hyt.
Út sear betroubere bron(de heit) fernimme wy hjoed dat it Jorrit is. Alles sit der op en der oan wit hy ek noch te melden. Fan herte lokwinske!
Klik hjir om harren ek lok te winskjen!

Futsal
SDS 1 spilet moarntejûn om 20.30 thús tsjin Friesland 1. It wurdt fêst in spannende pot tusken de nûmers 8 en 2.

Nije server
Fannacht sil de SDS-webside “oersjouwt” wurde nei in oare server. De server giet fan Amsterdam nei Grins. Wierskynlik sille jim hjir as besiker fan de webside net folle fan merke. It kin wol wêze dat wy efkes min te berikken binne fia de mail. As jim wat hawwe mail it dan hjir hinne.

Foarbyldtraining
Beste leiders en trainers,
Net zoals vorig jaar willen wij ook dit jaar weer een voorbeeldtraining verzorgen aan alle leiders / trainers en andere geïnteresseerden.
Je bent van harte uitgenodigd om deel te nemen op woensdag 5 maart aanstaande. De training start om 19.00 uur en wordt gegeven door Remco Bervoets en Robert Hoekstra.
Mocht je nog vragen hebben dan is Robert bereikbaar op 0515-331190 of per mail op tineke-robert@hetnet.nl.


Wol fuotballe
Yn Rotterdam waard dit wykein wol fuotballe. Begryplik want hjir hie it fjild net folle fan te lijen(klik
hjir).

Yndieling F-pupillen

1 CSC F2 9:00
2 RES F1 9:00
3 Annapar. St. F1 9:00
4 Minnertsga F1 9:00
5 SDS F1 10:00
6 FVC F1 9:00

1 LSC 1890 F6 10:00
2 QVC F2 10:15
3 Hielpen F1 10:15
4 SDS F2 10:00
5 WZS F2 10:15

1 SDS F3 10:00
2 Mulier F2 10:00
3 Oosterlittens F3 9:00
4 JV Bolsward F5 9:00
5 Makkum F3 10:00
6 RES F4 9:00

1 QVC F4 10:15
2 Nijland F3 10:00
3 SDS F4 10:00
4 JV Bolsward F9 9:00
5 Mulier F3 9:00


Skiedsrjochter(2)
Lykas juster is ek dit in legendarysk skiedsrjochter-momint. De wat âldere SDS’ers sille harren dit miskien noch wol heuge. Op it WK fan 1978 sil Brazilië, by in stân fan 1-1, tsjin Sweden in korner nimme. Op it momint dat in Braziliaan de bal binnenkoppe sil blaast skiedsrjochter Clive Thomas op syn fluit. Net te leauwen!