SDS-League: ‘Overal-United’ pakt wer ris in wykpriis!

Oantinken Gauke Halbersma
20 oktober 2026
Oantinken Gauke Halbersma
20 oktober 2026

Sybrecht Overal en Willem Twijstra pakke mei ‘Overal United’ dizze wike de wykpriis mei 40 punten. Sy bliuwe dêr mei ‘Aan de kant ik moet naar ’t stadion’ fan Sjoerd van Beem krekt foar. It mei dúdlijk wêze dat Sjoerd no’t it Iepenloftspul dien is wer wat mear each foar it spul hat al komt hy noch krekt ien puntsje te koart.

Erik Haitsma’s ‘Jopie Kwast’ stiet noch altiten boppe-oan, mar de nûmer twa komt hieltiten tichterby. Tsjalling Sikma stiet mei ‘FC Dronryp’ op 7 punten efterstân.

De wepmaster mei it burd gie hast twa wiken fuort op fakansje en dat hat him aardich wat plakken yn de SDS-League koste.
Hy hat dizze wike sels mar 7 punten. En it begie dit wykein sa goed mei in goal foar Mijnans(PSV), mar d6ernei ek in reade kaart……..

Opfallend is dizze wike it grutte ferskil yn punten tusken de teams. De minsten pakten mar 5 punten en de wykpriis wie 40 punten. Dat belooft de kommende wiken noch wat.

‘The Prince of Darkness’ Hendrik Eringa liket fol foar de Poedelelpee te gean. Hy stiet no stiif ûnderoan. Of soenen der noch âlde leafdes fan Hindrik by it Greidekoar sitten hawwe?

SDS League 2026-2027 stand earste helte wike 4