Sneon 29 oktober ferlear SDS 1 met dikke sifers fan Heeg 1. It is tiid foar revâns. Om 14.30 oere nimt SDS 1 it op tsjin de nûmer 6 fan de ranglist fan âld-SDS-trainer Lykle Bleekveld.
Seleksje: Jaap, Douwe-Jan, Erik, Frank, Gerbrand, Gerwin, Habtamu, Jelmer, Jelte-Pieter, Lourens, Matthijs, Stan, Steven, Tjitse, Wesley, Jeffrey en Bauke.
Sels yn de A-kategory slagget it klups hieltiten minder om genôch spilers byinoar te krijen om op sneon te baljen. By Rijperkerk 2 is de helte fan de seleksje te skiën. Dan wurdt fuotbaljen neat. Wy geane der fanút dat wy hjir mar oan wenne moatte.
Hielpen 2 – SDS 5 (14.30 oere)
SDS 5 giet der fol foar yn de tredde helte. It bier smakket it beste at je winne en de kopposysje pakke kinne, witte wij út erfaring. At Hielpen 2 de bus net parkeart dan sjogge wij SDS 5 winnen.
Seleksje:
No ’t de wedstriid fan SDS 2 net trochgiet is der moarntemiddei gjin fuotbaljen yn Easterein. Moarntemoarn is der al in programma:
De kaartferkeap foar Johan Derksen yn it Dielshûs giet as in spear. Wolle je der ek by wêze helje dan hjoed noch kaartsjes by de DA-Fizel of it Snackhûs yn Wommels.
Neat moaier dan in fuotbalsneon!
When Saturday Comes 🇧🇪 🤓 👓 ⚽
🎥 Hans vd Meer pic.twitter.com/KQrqF03egi— MotherSoccer (@MotherSoccerNL) March 3, 2023