SDS-League: ‘Op nei de Top!’

Weppers tiisdei 19-3-2019
19 maart 2019
Weppers freed 22-3-2019
22 maart 2019

It is dizze wike ‘Op nei de Top’ fan Marten Faber dy ’t net allinnich de wykpriis pakt, mar ek de kopposysje yn de SDS-League. Hy pakt mar leafst 69 punten en nimt dêrmei it 1e plak oer fan ‘Bulder’ fan Jan Mulder, dy ’t no 3e stiet. ‘Brekken Boys’ fan Okke van der Kamp stiet noch altiten 2e.

De ’tobbers’ ‘FC K(n)udde’ fan Simon Bruinsma en ‘Top of Flop United’ fan Annejan Hallema hawwe beide in goeie wike en steane no 14e en 15e.

Marc Hoekstra moat mei ‘Hoekie Boys’ efkes bekomme nei in pear goeie wiken en sakket fan it 8e nei it 16e plak.

De reade lantearndrager ‘Henkie Cola’ fan Henk Postma hat in flinke ynhelslach makke mei 50 punten dizze wike, mar stiet noch altiten 5 punten ûnder ‘It is mar in spultsje’ fan Aant Hofstra.

 

SDS League 2018-2019 stand twadde helte wike 6