Weppers freed 25-3-2022

SDS-League: ‘Op nei de Top’ pakt wykpriis en kopposysje!
23 maart 2022
Sneon 26-3-2022
25 maart 2022

Pannakoai

Efter de skermen binne wy noch altiten dwaande om in pannakoai by SDS te realisrenen. Jim kinne ús stypje troch jim plestik fleskes yn de dêrfoar bestimde bak yn de kantine te smiten:

Alvetalfoto’s

Wij misse noch in pear alvetalfoto’s fan jeugdteams. Foar no, mar foaral foar letter is it moai dat wij per seizoen in alvetal foto ha.
Dus spilers fan SDS/Nijland JO 17-1, SDS/Nijland JO15-2, SDS JO11-1 en SDS JO10-1 gean der sneon efkes foar stean en lit dy foto meitsje.

SDS 1 – Oeverzwaluwen 1

Om 14.30 de wedstriid SDS 1 – Oeverzwaluwen 1. De Koudumers hawwe 19 punten en SDS hat er 18.
De seleksje: Jaap, Erik, Gerwin, Hendrik, Jelte-Pieter, Lourens, Luuk, Matthijs, Peter, Pieter, Remco, Stan, Teun, Wierd en Gerbrand.

Wedstriidsponsers

Bij de wedstriid SDS 1 – Oeverzwaluwen 1 binne ek wer twa wedstriidsponsers, wêr’t SDS tige wiis mei is.

Rijperkerk 2 – SDS 2

Om 13.30 spilet SDS 2 tsjin “de Protters”. SDS 2 hat wat rjocht te setten nei earder dit seizoen thús wat ûngelokkich ferlern te hawwen fan de klup fan âld-SDS trainer Hylke Schrale.
De seleksje: Mark, Douwe-Jan, Sjoerd de B, Steven, Wesley, Arjen, Bauke, Ewout, Jort, Jurjen, Kevin, Robin, Sietse, Sjoerd en Wessel.

VVI 3 – SDS 3

Om 14.00 oere yn Jiskenhuzen spilet SDS 3.
De seleksje: Anne, Bote, Dirk-Yde, Habtamu, Inne, Jildert, Kerst, Mark, Ronny, Tjitse, Tsjipke, Willem en Yward.

SDS 4 – Makkum 4

Om 14.30 oere op fjild 2 spilet SDS 2 ( de nûmer 7 ) tsjin de nûmer 5 Makkum 4.
De seleksje: Allert, Jeffrey, Halbe, Gerben, Wiltsje, Ids, Tom, Ate Schaap, Jelte Spoelstra, Jorrit en Wessel Wijnja alleen eerste helft.

SDS 5

SDS 5 mei noch in wike bekomme.

SDS Vr1 – sc Stiens VR 2

SDS Vr1 hat it drok.  Se fuotbalje twa kear yn de wike. Sneon oan de bak tsjin sc Stiens VR2 om 12.00 oere.
De seleksje:

Sealbalje

It liket der op dat SDS folgend seizoen wer 2 sealbalteams hat. Dat binne goeie berjochten.

G.n.t.

De Koronakaarten wurde hjir en dêr noch altiten ynsetten. Sawol SDS JO11 as de JO15 binne moarn frij. It is wachtsjen op de Grypkaarten.

Goed doel

Hattrick

De sealballers fan SDS 1 ferlearen woansdei spitich mei 4-5 fan Futsal Heerenveen ûndanks dat Mark Klijnsma in dikke fette hattrick makke. De oare goal waard makke troch Douwe-Jan.

Harsens derby (2361)

Mark Klijnsma makke him woansdei lilk foar it nimmen fan in frije traap en skeat de bal snoeihurd tsjin de touen. Dat soe dizze ek………