SDS League: Op ‘e nij 2 wykprizen!

Weppers tiisdei 27-11
26 november 2012
Weppers woansdei 28-11
27 november 2012

Nei wike 10 binne it noch altiten Jorine van Dijk(Dirk de Jong syn freondinne) en Imke van der Leest(freondinne fan Dirk-Yde Sjaarda) dy ’t mei “JorImke” boppe-oan stean yn de SDS League. Sy nimme sels wer 2 punten ôfstân fan nûmer 2 “Balletje, balletje” fan Grietzen Broersma.
De froulju steane ynmiddels alwer 5 wiken oan kop. Yn de nije Treffer sille wy harren ris oan de tosk fiele oer harren prestaasjes.

De top 10 is de lêste wiken mar saai. Ek dizze wike feroaret der net folle. Of it moat al wêze dat Dirk-Yde Sjaard mei “Superguidetti” út de top 10 fallen is. Hy mei allinnich net klaaie, want Imke stiet noch altiten boppe-oan.

Hast eltse edysje fan de SDS League slagget Marten Faber der mei “Op naar de Top” wol yn om in pryske te pakken. No pakt hy de wykpriis. Ek hat hy noch wol kâns op in einpryske, want hy stiet no 4e.
Wol moat Marten de wykpriis diele. Igor Kalinowski pakt mei “Badr Kali” ek 49 punten. “Badr Kali” liket kânsleas……… foar in plakje by de earste 10. Hy stiet 37e.

Marten, “Badr Kali” en freonen binne út de skroefen.

Harm Bergsma stiet mei “Ken et za” op it 54e plak. “Sa ken it net” wie miskien wol in bettere namme west.

“FC Grasmat” docht der alles oan om de reade lantearn te behâlden. Dizze wike pakt Erwin “mar leafst” 16 punten en wy koenen net in team fine dy ’t minder punten hie. Stiif lêst noch dus.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 10.