Weppers tiisdei 27-11

Weppers moandei 26-11
25 november 2012
SDS League: Op ‘e nij 2 wykprizen!
27 november 2012

Jeugdleiders-trainersgearkomst

Jûn is der fanôf 19.30 in gearkomst foar leiders en trainers fan de jeugdteams fan SDS. It beloofd in alderaardichste jûn te wurden. Sjoch hjir foar it folledige programma fan jûn. 

Útslaggen en stannen
Nei de útslaggen fan ôfrûne sneon kinne wy komkludearje dat fan alle SDS-teams de A1 en de E2 der it beste foar stean. Beide stean twadde op de ranglist. Sjoch hjir foar alle útslaggen en stannen fan ôfr6une wykein.

Ferslach SDS 5 – DWP 4
SDS 5 wûn juster fan DWP 4. Hoe dit yn syn wurk gie hat Harm-Auke Dijkstra ferwurde yn it útgebreid ferslach. Of wie it no WPB?

Alde doaze
Yn 1988 siet SDS bij Hubert Sneek yn. Der wie sprake fan wurgens en dochs waard der in oerwinning helle. Sjoch
hjir.

Gjin clinic
De mannen fan F6 soenen kommende sneon in clinic hawwe yn de seal yn Easterein. De jeugdkommisje yn persoan fan Bote Strikwerda jout ús troch dat dit net troch giet.

Harsens derby(899)
Wat in aksje!