SDS-League: ‘Onana Clean Sheet’ pakt alwer in wykpriis!

Technyktrainingen foar de JO12 oant en mei de JO15 troch PH-Sports
3 mei 2021
Fan herte lokwinske!
9 mei 2021

Foar de twadde kear dizze edysje fan de SDS-League pakt Johan Delfsma de wykpriis mei ‘Onana Clean Sheet’ of sa ’t wy ek wol sizze; ‘Johanna Clean Sheet……..’.

Alderaardichst fansels dat Johan foar de twadde kear de wykpriis pakt, mar dat nimt net wei dat syn dochter Anouk it mei ‘Corona-moe’ in stik better docht. Anouk stiet namelijk dield 10e en Johan moat it mei in 24e plakje dwaan….

‘BarbEeltsje’ Postma bliuwt koprinner, mar dêrûnder bliuwt it stuorke wikseljen. ‘Okke Boys’ stiet no 2e, ‘FC Munnaps’ bliuwt 3e, ‘FC Op nei de Top’ 4e en ‘FC Another Rick in the Wall’ 5e. Mei noch 3 wiken te gean kin it noch alle kanten op.

Underyn sprokkelt Thys Bruinsma mei ‘Dy Kloaten’ rêstich noch wat puntsjes en makket him klear foar de poedelpriis. Al hie hy dy poedelpriis no al wol brûke kinnen;

SDS League 2020-2021 twadde helte stand wike 10