SDS League: Marten pakt wer de wykpriis!

Weppers tongersdei 10-3
9 maart 2011
Weppers freed 11-3
10 maart 2011

De wike kin foar Marten Faber al hast net mear stikken. Hy waard fan ‘e wike 27 jier en pakt no ek noch de wykpriis yn de SDS-League mei “Op naar de Top”.  No sneon ek noch fit genôch wêze om yn SDS 1 te keepen en winne en dan is it hielendal klear.
krekt oppe latten
Marten “Op naar de Top”

Marten stiet no 21 punten foar op de nije nûmer 2, “FC Waaksens” fan Jan Mulder. Jan soe hjir best wiis mei wêze kinne, mar 2e is hielendal neat as der in Feyenoorder boppe je stiet en Ajax juster ferlern hat.

“Gerry Snel” hat de gang aardich te pakken. Nei ûnderen wolteferstean. Hy sakket fan 45 nei 72.

De “ko” is net te hâlden. Ferline wike pakten de SDS-froulju de wykpriis en gienen sy 39 plakken omheech. No sakje se 24 plakken.

Gearard Posthumus stiet noch altiten stiif ûnderoan mei “Tiki Tiki Tumba”. Wy binne benijd as hy better is yn it meitsjen fan de
VI-kwis (wêr ’t hy ús foar tipte).

Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 4.