SDS League: Kees pakt op ‘e nij wykpriis!

Weppers tiisdei 10-11
9 november 2009
Weppers woansdei 11-11
10 november 2009

It is dizze wike op ‘e nij Kees Adema dy ’t mei syn team: “Keessie Kwakman” de wykpriis pakt. Foarige wike moast Kees de wykpriis noch mei 2 man diele, mar no is ‘ie hielendal foar him allinnich. Mei mar leafst 62 punten stuts hy mei kop en skouders boppe eltsenien út. Hy giet no fan 28 nei 8 wylst hy 5 wiken werom noch 82e stie…….. “Grutte man” yn Kees syn team is fansels de man dy ’t lykas Kees yn Berlyn wenne hat; Marko Pantelic. Al pakte dy dit wykein gjin punten.

En dat is de twadde wykpriis………….

In oare “bûtenlanner” yn de SDS League dy it ek net gek. Mei 55 punten kaam Jelmer mei syn “Posthumus Prime” krekt 7 punten tekoart foar de wykpriis.
Ek Fedde Wiersma die it mei syn “Samar 11 fan 11” dizze wike net gek. Wylst hy as nûmer lêst oan de SDS League begie kaam hy no mar 6 punten tekoart foar de wykpriis. Fedde stiet ynmiddels net mear 86e, mar 39e.

Bram van Beem liket wat tefolle fan syn manskippen te freegjen. No ’t hy sels ek ris wat traint ferwachtet hy noch mear fan syn mannen fan “Popov-4-ever”. Sy kinne net echt mei de druk omgean en sakje dizze wike fan 2 nei 9.

It fjoer liket der wat út by “Feuueerr” fan Eeltsje Postma. Hy sakket fan 6 nei 10 en noch erger is fansels dat buorman Hjalmar Ruiter dizze wike 5 punten tichterby komt.

“Op naar de top” fan Marten Faber stiet noch altiten dik boppe-oan. Hy stiet mar leafst 15 punten foar op “Alles op Elyounoussi” fan Paul Reitsma en 16 op “’t Het noait wat weest, sil noait wat wurde” fan Pieter Kamstra.

“FC Supermario” fan Doede Rients Okkema stiet wer ûnderoan. Hy hat noch krekt ien puntsje minder as “SC Hinnaerd” fan Immie Kamstra.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 8.