SDS League: Jurjen Eringa pakt alles!

Weppers freed 25-10
24 oktober 2013
Seleksjes sneon 26-10
24 oktober 2013

Peter Stuiver en Sieta Tessemaker nimme nei ien wike alwer ôfskie fan harren earste plak yn de SDS League mei “SC Sathe Berwert”. Sy hawwe dúdlik wat tefolle neigenoten, want sy pakten dizze wike mar 17 punten en dûkelje nei it 10e plak……..
“De Lange Loekers” fan Jurjen Eringa nimt de kopposysje oer. Hy pakt net allinnich de kop, mar ek de wykpriis mei 42 punten.


Twa? Fansels! De wykpriis en de kopposysje!

“Torpedo Toering” fan Jaap Toering komt krekt ien puntsje te koart foar de wykpriis, mar pakt wol kreas it twadde plak.

It like derop dat Dooitze Nauta mei 2 teams útkaam yn de SDS League. Nei wiken ûndersyk kaam hy der efter dat ien team hielendal net fan him is, mar fan Dick Schuurman. De teamnamme is dan ek oanpast yn “Dikkie Dick”. It sil Dooitze al spite dat dit team krekt 15 punten mear hat as syn eigen team.

It stik yn de Treffer hat Ralph Wariman blykber goed ien. Mei “Don’t Wari” hat hy mar 4 punten minder as de wykpriiswinner. Hy docht dêrmei dan ek ôfstân fan it lêste plak. “Keessie Kwakman” fan Kees Adema nimt it tegeare mei “Pro-Postma” fan Eeltsje Postma fan him oer.

Hjir de nijste stân:
wike 5.