Weppers freed 25-10

Programma 26-10
24 oktober 2013
SDS League: Jurjen Eringa pakt alles!
24 oktober 2013

Efkes Balje
Der sil besocht wurde om it Efkes Baljen jûn wer werom te bringen ta in oerke en dan noch 5 minuten foar twa winnende doelpunten. Wij tinke dat der seker wer 14 man binne en dat gemiddelde leeftyd dizze kear wer heech is.

SDS 1
Moarn moat SDS 1 tsjin Workum 1 fuotbalje yn Warkum. De lêste kear dat dizze ploegen tsjinelkoar oer stiene wie yn 2002-2003 ek yn 3A. SDS waard 2de en Workum waard doe 11de yn de kompetysje. Warkum hat dêrnei moai wat jierren yn 4A fuotballe en SDS yn 2J. Beide ploegen binne dit jier nij yn 3A. Workum promofearde en SDS degradearde.

A2
Dronryp A2 – SDS 2 giet sneon net troch.

Let op gasten
Foar de klups dy’t sneon nei Easterein ta moatte om te baljen tsjin ien fan de SDS teams let op: de dyk tusken Wommels en Easterein en omgekeard is ticht. Tsjin al dy Snitser ploegen en oaren dy’t út de Súdwest hoeke komme dy’t lâns komme is it maklik: gewoan oer Skearnegoutum en Itens of de Kliuw ride. De ploegen út Ouwesyl, Frjentsjer en Ljouwert riede wij oan om fia Britswert en Itens nei Easterein te kommen. 

Bartsjinst
It is ús net bekend wa ’t der moarn bartsjinst hat, mar ien fan SDS 2 hat juster yn elts gefal syn beurt al hân:


Harsens derby(1141)
Dy twadde is wol in echt reklameboerd:


Letter miskien wol mear!