SDS League: JorImke pakt de wykpriis!

Weppers tiisdei 9-10
8 oktober 2012
Weppers woansdei 10-10
10 oktober 2012

It binne fan ‘e wike de 2 froulju fan “JorImke”(Jorine van Dijk en Imke van der Leest) dy ’t de wykpriis pakke. Dit sille de Dirk de Jong en Dirk-Yde Sjaarda de hiele wike wol heare moatte…….

“JorImke” pakte mar leafst 63 punten en komt dêrmei akelich tichtby “Balletje, Balletje” fan Grietzen Broersma. It skeelt noch mar ien puntsje, dus hy sil him wol begjinne te knipen.

Grietzen begjint him te knipen

Der binne mear froulju yn de SDS League dy ’t it dizze wike knap dogge. Marije de Vries giet mei “2x op rige” fan 25 nei 12 en komt sa wat tichter by freon Eeltje Postma te stean. Hy sil hjir wat minder wiis mei wêze. Hy sakket fan 4 nei 8.

“FC Grasmat” fan Erwin de Boer sit it net mei. Dizze wike pakt hy mar 9 punten en bliuwt dan ek stiif lêst.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 4.